Kiliaan
Kiliaan of Kilianus (Iersk: Cillian; berne yn Mullagh, County Cavan (Ierlân), ± 640 – Würzburg (Dútslân, 8 july 689) wie in Ierske misjonaris ûnder de ynwenners fan Franken (no it noardlike diel fan Beieren). Mei syn selskipslju Kolman (ek Kolonat) en Totnan brocht er yn 'e krite it evangeelje. Syn feestdei, yn 'e mande mei dy fan syn selskipslju, is op 8 july fêststeld.
Kiliaan (ek: Kilianus) | ||
hillige | ||
Houten byld fan Kiliaan, rekonstruksje út 1910 fan Heinz Schiestl fan in houten byld fan Tilman Riemenschneider, dat yn 1945 ferlern gie. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Iersk | |
bertedatum | 640 | |
berteplak | Ierlân | |
stjerdatum | 8 july 689 | |
stjerplak | Würzburg | |
hillichferklearring | ||
hillichdom | Neumünster, Würzburg | |
attributen | as biskop, swurd, kromstêf | |
patroan fan | Würzburg, Heilbronn, Mainz-Kostheim, Bad Heilbrunn |
Oerlevering
bewurkje seksjeNeffens Ierske boarnen waard Kiliaan om 640 hinne berne as soan fan aadlike âlders yn Cloughballybeg by Mullagh yn it súdeast fan wat no County Cavan yn Ierlân hjit. Guon dokuminten skriuwe dat Kiliaan as muonts tsjinne yn it kleaster fan Hy, de eardere namme fan wat letter as Iona bekend stie.
Yn 'e simmer fan 686 reizge Kiliaan mei alve selskipslju troch Galje nei Rome foar tastimming fan 'e paus om te misjonearjen. Hy kaam yn 'e lette hjerst oan en moete dêr paus [[Konon] (paus)|Konon]]. Fan dêr wei reizgen hja nei Würzburg, dêr't de East-Frankyske hartoch Gosbert residearre. Lykas syn folk wie Gosbert noch altiten in heiden.
In diel fan 'e groep gyng in oare kant út en Kiliaan mei syn twa selskipslju, de preester Kolman en de diaken Totnan, bleaune yn Würzburg. Kiliaan makke fan Würzburg de basis fan syn missyaktiviteiten, dêr't in grut gebiet yn East-Franken en Tueringen ûnder foel. Hy bekearde de hartoch mei in grut part fan syn ûnderdanen ta it kristendom en preke en misjonearre dêr oant er mei syn twa selskipslju fermoarde waard.
Neffens de hilligebeskriuwing fan Hrabanus Maurus wie de moard yn opdracht fan 'e hartoch Gosbert, mar oare beskriuwingen skowe de skuld ôf op Gailana, de frou fan 'e Frankyske hartoch. Hja wie de widdo fan 'e broer fan Gosbert en neffens it kristlike tsjerkerjocht wie dat houlik dêrom ferbean en net jildich. Kiliaan soe der by de al doopte hartoch op oantrune ha om de ferbining mei har te beëinigjen. Gailana brûkt de ôfwêzigens fan har man om de biskop en syn selskipslju te fermoardzjen. De liken waarden yn 'e hystestâl fan harren kastiel (hjoed-de-dei it plak fan 'e Neumünster yn Würzburg) bedobbe. De earste biskop fan Würzburg, Burkard (ek wol Burchard), liet de bonken opgrave en nei de Marijetsjerke fan 'e Marienburg bringe.
Ferearing
bewurkje seksjeDe troch Bonifatius oanwiisde earste Würzburger biskop Burkard boude in tsjerke op it plak dêr't de trije martlers fermoarde waarden en liet de reliken opgrave om te bewarjen yn it ferwulft fan 'e katedraal. Tsjintwurdich wurde de reliken yn 'e Neumünster fan Würzburg bewarre.
De skedel fan Kiliaan is mei dy fan syn selskipslju bewarre bleaun. Op 8 july wurde harren skedels yn in glêzen skryn foar de minsken troch de strjitten fan Würzburg fierd en útstald yn 'e domtsjerke fan dy stêd.
Patroanhillige
bewurkje seksjeKiliaan wurdt oanroppen by reuma- en eachklachten. Hy is de patroanhillige fan Tuosist by Kenmare yn Ierlân, dêr't er him foar 't er nei Dútslân reizge ophold en de patroanhillige fan 'e stêden Würzburg, Heilbronn, Mainz-Kostheim, Bad Heilbrunn en fan it bisdom Würzburg en fan 'e dom fan Paderborn. Yn Würzburg wurdt simmerdeis it nei de hillige ferneamde Kiliani-Volksfest fierd.
Ikonografy
bewurkje seksjeKiliaan wurdt yn 'e regel as biskop mei in swurd útbylde, it wapen dêr't er mei fermoarde waard. Op 'e Alte Mainbrücke yn Würzburg steane mei oare bylden ek de bylden fan Kiliaan, Kolman en Totnan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:en:Saint Kilian].
|