Kim Sasabone (1 april 1974) is in Nederlânsk sjongster, dûnseresse en fitnessynstruktrise fan Moluksk komôf. Hja waard ein njoggentiger jierren bekend as ien fan 'e sjongsters fan 'e band Vengaboys, mei as bynamme Armygirl of Lion Kim (in wurdspiling op Lion King). Nei't de band yn 2004 opdoekt waard, folge yn 2006 in weroprjochting, en oant hjoed de dei ta bliuwt Sasabone derby belutsen. Njonken har sjongkarriêre runt hja ek in eigen fitnessklub yn Alfen oan de Ryn.

Kim Sasabone
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kim Sasabone
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 april 1974
berteplak Nederlân?
etnisiteit Moluksk
wurkpaad
sjenre dance
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Boom, Boom, Boom, Boom!!
We're Going to Ibiza
jierren aktyf 19972004 & 2006 – no
offisjele webside
thebootcampclub.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Sasabone waard yn 1974 út etnysk Molukske âlden berne, en groeide op yn it Brabânske Zevenbergen. Hja hat in âldere suster. Op 'e basisskoalle koe Sasabone net sa goed meikomme. Neitiid gie se nei de MAVO. Om't har suster goed leare koe en nei it gymnasium gie, sei har heit dan: "mar Kim leit it learen net sa, dy giet nei de spinaazje-akademy." Fan gefolgen smiet Sasabone der op 'e MAVO it byltsje by del. Yn 2014 sei Sasabone yn in fraachpetear dat se it har âlden efternei kwea-ôf nimt dat se har yn dy tiid net wat mear oanfitere en selsfertrouwen jûn hawwe. Nei de MAVO trochrûn te hawwen, die Sasabone in MBO-oplieding, dy't se lykwols net ôfmakke.

Sjongkarriêre

bewurkje seksje

Yn 1997 waard Sasabone troch discjockeys Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen as ien fan 'e fjouwer sjongers/dûnsers by de band Vengaboys helle. Alle fjouwer hiene dy in fêst kostúm; Sasabone droech in (soarte fan) legerunifoarmke, en gie troch foar Armygirl. De oare trije sjongers/dûnsers wiene (yn it begjin) Denise van Rijswijk (Doll), Robin Pors (Sailorboy) en Roy den Burger (Cowboy). De besetting fan Doll, Sailorboy en Cowboy ûndergie meitiid ferskate feroarings, mar de rol fan Armygirl is nea ferfolle troch immen oars as Sasabone.

Hoewol't de earste singles fan 'e Vengaboys net botte súksesfol wiene, feroare dat begjin 1998, doe't Up & Down de top 10 fan 'e hitlisten helle. Itselde barde dat jiers mei de nûmers We Like to Party! en Boom, Boom, Boom, Boom!!, dy't ek ynternasjonaal trochbrieken. Yn 1999 folge noch in grutte ynternasjonale hit mei We're Going to Ibiza. Nei't yn 1999 noch Kiss (When the Sun Don't Shine) en yn 2000 Shalala Lala en Uncle John from Jamaica beskieden hits waarden, gie it stadichoan berchôf mei Vengaboys. Uteinlik waard yn 2004 besletten om 'e groep op te doeken.

Lykwols begûnen oardel jier letter de oanfragen foar nije optredens binnen te streamen. Yn Ingelân kamen feesten mei jierren 90-muzyk yn 'e moade, en dêrwei wreide dy raazje him út oer it kontinint. Sasabone en har kollega's, dy't ûnderwilens allegear in nije karriêre begûn wiene, fûnen dat se sok goed jild net lizze litte koene. Dat se besleaten om it der gewoan 'by' te dwaan, ien- of twaris yn 'e moanne. Dat waard lykwols al gau 80 kear yn 't jier. Noch altyd giet it mei Vengaboys as it spoar.

Om 'e kondysje te behâlden dy't se nedich wie om jûnen efterinoar dûnsje te kinnen op it poadium, sette Sasabone yn 'e njoggentiger jierren útein mei fitnesstrening. Yn 't earstoan moast se har wier-wier nei de sportskoalle ta slepe, mar geandewei de jierren begûn se der hieltyd mear aardichheid oan te krijen. Sadwaande begûn Sasabone, doe't se miende dat der mei it opdoeken fan Vengaboys in ein kommen wie oan har karriêre yn 'e muzyk, in eigen sportskoalle. Dat is The Bootcamp Club, yn Alfen oan de Ryn, dy't se mei in kollega runt. Teffens wurket se der as fitnessynstruktrise.

Priveelibben

bewurkje seksje

Kim Sasabone wennet yn Alfen oan de Ryn. Hja hat in relaasje en krige yn 2014 in bern.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: