We're Going to Ibiza

We're Going to Ibiza is in liet fan 'e Nederlânske dance-groep Vengaboys. It waard útbrocht yn 1999 en berikte it earste plak op 'e hitlisten yn fjouwer lannen. Yn 'e mande mei We Like to Party! en Boom, Boom, Boom, Boom!! wie it ien fan 'e grutste hits fan 'e groep.

We're Going to Ibiza
algemiene ynformaasje
artyst Vengaboys
album The Party Album
taal Ingelsk
sjenre eurodance
útbrocht 1999
doer 3:08
label Breakin' Records/Violent Music
skriuwer Jeff Calvert / Max West
produsint Wessel van Diepen
Dennis van den Driesschen
resultaten
hitlisten nû 1 yn 4 lannen
sertifisearre (platina)
(goud)
(goud)

Skiednis bewurkje seksje

We're Going to Ibiza wie basearre op 'e nûmer 1-hit Barbados, fan 'e groep Typically Tropical, út 1975. De oanpaste tekst wie skreaun troch Jeff Calvert en Max West. We're Going to Ibiza makke diel út fan 'e cd The Party Album, fan 'e Nederlânske dance-groep Vengaboys, besteande út Kim Sasabone, Denise van Rijswijk, Robin Pors en Roy den Burger. It liet waard op 30 augustus 1999 útbrocht as in single, dy't produsearre wie troch de Nederlânske discjockeys en muzykprodusinten Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen.

We're Going to Ibiza waard in grutte hit, en berikte it earste plak op 'e hitlisten yn Nederlân, Poalen, Skotlân en Ingelân. Yn Flaanderen en Sweden bleau it stykjen op it twadde plak, en yn Noarwegen op it trêde plak. Bûten Jeropa helle de single yn Nij-Seelân in 6e plak yn 'e hitlisten, mar yn Austraalje kaam er net fierder as in 26e plak en yn 'e Feriene Steaten sloech er noch gjin dûk yn in pakje bûter. Likegoed wie We're Going to Ibiza foar de Vengaboys ien fan 'e grutste súksessen, wêrmei't se yn Nederlân in platina plaat hellen en yn Grut-Brittanje en Austraalje in goudenien.

Ynhâld bewurkje seksje

We're Going to Ibiza is in simpel ferske dat in fakânsje op it Spaanske eilân Ibytsa oanpriizget. Yn Ingelsktalige lannen is it nûmer berucht om 'e "ferkearde" útspraak fan "Ibiza", dat yn it Nederlânsk dan wol útsprutsen wurdt as "Ibytsa", mar yn it Ingelsk as "Ibiiza", mei in z.

Fideoklip bewurkje seksje

De fideoklip fan We're Going to Ibiza lit de leden fan 'e Vengaboys sjen yn 'e foarm fan tekenfilmfigueren dy't nei Ibytsa ta reizge en ûnderweis plakken as Rome en Moskou foarbygeane. De iepeningssêne lit it stedhûs fan Toronto sjen. Berucht oan 'e klip is dat op 1:40 minút Washington, D.C. foarby komt, dêr't 4 tellen lang foar in rút yn it Wite Hûs de silhûetten fan presidint Bill Clinton en syn mêtresse Monica Lewinsky te sjen binne wylst se mei-inoar yn 't spier binne.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.