Vengaboys
Vengaboys (útspr.: "bengaboys") is in Nederlânske dancegroep dy't oan 'e ein fan 'e jierren njoggentich grutte hits skoarde mei û.m. Boom, Boom, Boom, Boom!! en We're Going to Ibiza. Yn 2004 waard de groep opdoekt, mar fanôf 2006 treden se wer op, en yn 2010 makken se sels in lytse comeback. It 'gesicht' fan Vengaboys is sjongster Kim Sasabone. De muzyk fan 'e band kin ûnderbrocht wurde by de sjenres dance, eurodance en/of eurohouse. Vengaboys stiet bekend om dûbelsinnige (of ûndûbelsinnige) ferwizings nei geslachtsferkear yn harren lietteksten en titels, lykas Up and Down, Boom, Boom, Boom, Boom!! en Rocket to Uranus.
Vengaboys | ||
band | ||
De Vengaboys by in optreden yn 2013. | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | dance | |
bestean | 1997 – 2004 & 2006 – no | |
label(s) | Breakin' Records/Violent Music | |
prizen | World Music Award 2001 | |
webside | www.vengaboys.com | |
besetting | ||
leden | Kim Sasabone Denise van Rijswijk Robin Pors Donny Latupeirissa | |
âld-leden | Roy den Burger Yorick Bakker Mark Jong-A-Pin Lynn Allien J.J. van Zon |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste single fan 'e Vengaboys hiet fan Parada de Tettas en waard yn 'e simmer fan 1997 útbrocht. It ferhaal waard yn omgong brocht dat twa live-discjockeys, DJ Delmundo en Danski, mei in âlde skoalbus de Spaanske baaiplakken ûnfeilich meitsje soene. Underweis hiene se fjouwer sjongers en dûnsers oppikt, dy't elts út in oar wrâlddiel ôfkomstich wiene. Under de yllegale optredens soe boppedat geregeldwei gaos ûntstean om't der jild yn it publyk smiten waard, en de plysje soe de groep efter de hakken sitte om't de mastertapes stellen wiene. Dat bliek neitiid allegear ûnsin dy't optocht wie om publisiteit te krijen.
Pas in pear singles letter waard dúdlik dat efter DJ Delmundo en Danski de Nederlânske dj's Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen beskûlgiene. Ek de sjongers/dûnsers blieken gewoan Nederlanners te wêzen. Alle fjouwer hiene dy in fêst kostúm. De orizjinele besetting bestie út Kim Sasabone (Armygirl), Denise van Rijswijk (Doll), Robin Pors (Sailorboy) en Roy den Burger (Cowboy). De besetting fan Doll, Sailorboy en Cowboy ûndergie meitiid ferskate feroarings, mar de rol fan Armygirl is nea ferfolle troch immen oars as Sasabone.
Parada de Tettas en de twadde single To Brazil waarden beskieden hits. De trochbraak kaam mei Up & Down, dat yn it foarjier fan 1998 de top 10 helle. Itselde barde dat jiers mei de nûmers We Like to Party! en Boom, Boom, Boom, Boom!!, dy't ek ynternasjonaal trochbrieken. Yn 1999 folge in trêde grutte ynternasjonale hit mei We're Going to Ibiza. Nei't yn 1999 noch Kiss (When the Sun Don't Shine) en yn 2000 Shalala Lala en Uncle John from Jamaica beskieden hits waarden, gie it stadichoan berchôf mei Vengaboys. Wol wûnen se yn 2001 noch de World Music Award foar bêstferkeapjende dance-groep fan it jier. Uteinlik waard yn 2004 besletten om 'e groep op te doeken.
Lykwols begûnen oardel jier letter de oanfragen foar nije optredens binnen te streamen. Yn Ingelân kamen feesten mei jierren 90-muzyk yn 'e moade, en dêrwei wreide dy raazje him út oer it kontinint. De Vengaboys, dy't ûnderwilens allegear in nije karriêre begûn wiene, fûnen dat se sok goed jild net lizze litte koene. Dat se besleaten om it der gewoan 'by' te dwaan, ien- of twaris yn 'e moanne. Dat waard lykwols al gau 80 kear yn 't jier. Noch altyd giet it mei Vengaboys as it spoar. Yn 2010 makken se sels in lytse comeback mei in 21e plak yn 'e hitlisten mei it nûmer Rocket to Uranus.
Besetting
bewurkje seksjeHjoeddeiske besetting
bewurkje seksje- Kim Sasabone (Armygirl): 1997-2004, 2006-no
- Denise van Rijswijk (Doll): 1997-2002, 2006-no
- Robin Pors (Sailorboy): 1997-1999, 2009-no
- Donny Latupeirissa (Cowboy): 2006-2011, 2012-no
Eardere besetting
bewurkje seksje- Roy den Burger (Cowboy): 1997-2004
- Yorick Bakker (Sailorboy): 1999-2002, 2006-2009
- Mark Jong-A-Pin (Sailorboy): 2002-2004
- Lynn Allien (Doll): 2002-2004
- J.J. van Zon (Cowboy): 2012
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeJier | Titel | Resultaat |
---|---|---|
1998 | Up & Down – The Party Album! | Nederlân: goud |
Greatest Hits, Part 1 (alternative namme: The Party Album) | Nij-Seelân: 5x platina Kanada: 3x platina Austraalje: 2x platina Grut-Brittanje: 2x platina Nederlân: 2x platina Feriene Steaten: goud Switserlân: goud | |
2000 | The Platinum Album |
Singles
bewurkje seksjejier | titel | heechste posysje yn 'e Ned. hitlisten |
resultaat |
---|---|---|---|
1997 | Parada de Tettas | 14 | |
To Brazil | 22 | ||
1998 | Up and Down | 5 | Grut-Brittanje: goud |
We Like to Party! | 2 | Austraalje: platina Grut-Brittanje: goud Nederlân: goud | |
Boom, Boom, Boom, Boom!! | 1 (4 wiken) | Nederlân: 2x platina Austraalje: platina Dútslân: goud Grut-Brittanje: goud | |
1999 | We're Going to Ibiza | 1 (3 wiken) | Nederlân: platina Austraalje: goud Grut-Brittanje: goud |
Kiss (When the Sun Don't Shine | 2 | Grut-Brittanje: sulver | |
2000 | Shalala Lala | 2 | Dútslân: platina Austraalje: goud Switserlân: goud Grut-Brittanje: sulver |
Uncle John from Jamaica | 7 | ||
Cheekah Bow Bow (That Computer Song) (mei Cheekah) | 32 | ||
Forever as One | 77 | ||
2010 | Rocket to Uranus | 21 | |
2013 | Hot, Hot, Hot | 29 | |
2014 | 2 Brazil | 52 |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|