Goud (muzykferkeap)

(Trochferwiisd fan Gouden plaat (muzykferkeap))
Gouden plaat wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: gouden plaat (betsjuttingsside).

Goud is in term dy't yn 'e muzykyndustry yn it ramt fan 'e sertifikaasje fan muzykferkeap brûkt wurdt om oan te jaan dat fan in produkt in beskaat tal eksimplaren ferkocht is. Hoewol't it dêrby tsjintwurdich gean kin om bygelyks in album, single, fideoklip of muzykdownload, sprekt men yn dit ferbân meastal noch fan in gouden plaat, om't sokke sertifikaten ynfierd binne yn it tiidrek fan 'e grammofoanplaat. As taastber bewiis fan syn of har súkses kriget de muzykartyst dêr't it om giet in fergulde replika fan syn of har album of oar produkt útrikt. Yn tsjinstelling ta 'gewoane' muzykprizen seit in gouden plaat neat oer de kwaliteit fan it produkt, om't it inkeld kommersjeel súkses beleannet. In noch grutter súkses wurdt beleanne mei in platina plaat.

De drompel dy't men yn ferkeapsifers oerstiigje moat om in gouden plaat te krijen, ferskille per lân of territoarium, mei't se keppele binne oan 'e befolkingsgrutte. Teffens ferskilt de drompel by ferskillende produkten yn hichte. Yn Nederlân beoardielet de Nederlânske Feriening fan Produsinten en Ymporteurs fan Byld- en Lûdsdragers (NVPI) oft in artyst rjocht hat op in gouden plaat. It inisjatyf ta dy beoardieling wurdt nommen troch de platemaatskippij, dy't by de NVPI yn dat ramt in peinje oanfreget. Sa'n peinje is feitliks neat oars as de hantekening fan in notaris, dy't it ferkeapsertifikaat syn ynternasjonale status en dêrmei syn wearde jout. Dêrnei is it oan 'e platemaatskippij om der fierders wat mei te dwaan, wat ornaris útmûnet yn 'e feestlike útrikking fan 'e (yn opdracht fan 'e platemaatskippij makke) fergulde replika.

De ferkeapsifers dy't yn Nederlân easke wurde foar takenning fan in goudene plaat binne:

Yn it ferline leine dy drompels heger. Sa waard oan yn 'e 1990-er jierren pas by 50.000 ferkochte popalbums in gouden plaat útrikt. Mar fanwegen ôfnimmende ferkeapsifers binne se sûnt de milenniumwiksel ferlege.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.