Sulver (muzykferkeap)

Sulver is in term dy't yn 'e muzykyndustry yn it ramt fan 'e sertifikaasje fan muzykferkeap brûkt wurdt om oan te jaan dat fan in produkt in beskaat tal eksimplaren ferkocht is. Hoewol't it dêrby tsjintwurdich gean kin om bygelyks in album, single, fideoklip of muzykdownload, sprekt men yn dit ferbân meastal noch fan in sulverne plaat, om't sokke sertifikaten ynfierd binne yn it tiidrek fan 'e grammofoanplaat. De sulverne ûnderskieding stiet in triem leger as de bekendere goudene plaat. Sulverne platen wurde inkeld útrikt troch de British Phonographic Industry (BPI), de sintrale organisaasje fan 'e muzykyndustry yn it Feriene Keninkryk. Dêrby wurdt in oantal fan 60.000 ferkochte eksimplaren hantearre (yn ferhâlding ta 100.000 foar goud en 300.000 foar platina).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.