Sertifikaat fan muzykferkeap

(Trochferwiisd fan Sertifikaasje fan muzykferkeap)

In sertifikaat fan muzykferkeap is in taastber bewiis dat wol wat op in priis liket, en dat útrikt wurdt as in artyst yn 'e muzykyndustry fan in produkt in beskaat tal eksimplaren ferkocht hat. Hast alle lannen hawwe op dit mêd in fariant fan it systeem fan de Amerikaanske Recording Industry Association of America (RIAA) ynfierd, wêrby't de ûnderskate sertifikaten ferneamd binne nei ealmetalen. Mei't it systeem ynfierd is yn 'e tiid fan 'e grammofoanplaat, sprekt men dêrby yn 'e regel noch altyd fan bygelyks in gouden plaat.

In gouden plaat.

De drompel dy't troch de ferkeapsifers oerstige wurde moat om in beskate rang fan sertifikaasje te krijen, ferskilt per lân of territoarium, mei't dy ôfhinklik is fan 'e grutte fan 'e befolking. Teffens jilde der ferskillende drompels foar ferskillende produkten, lykas albums, singles, fideoklips en muzykdownloads. Elts lân hat yn prinsipe in organisaasje dy't sokke dingen regelet en dy't ynternasjonaal oansletten is by de Ynternasjonale Federaasje fan de Fonografyske Yndustry (IFPI). Yn lannen en territoaria dêr't de muzykyndustry net botte fier ûntwikkele is, ferfollet de IFPI ek de rol fan nasjonale organisaasje.

Oer it algemien binne der yn it systeem fan sertifikaasje fan muzykferkeap trije rangen: goud, platina en diamant, hoewol't in protte lannen inkeld goud en platina kenne. Grut-Brittanje hat as iennichste lân in systeem fan sulver, goud en platina. Yn Nederlân rikt de Nederlânske Feriening fan Produsinten en Ymporteurs fan Byld- en Lûdsdragers (NVPI) allinnich goudene en platina platen út. By albums moatte dêrfoar 20.000, resp. 40.000 eksimplaren ferkocht wurde (foarhinne wiene dy oantallen heger, mar fanwegen ôfnimmende ferkeapsifers binne se sûnt de milenniumwiksel ferlege). De NVPI freget in kontribúsje fan in fêst bedrach dat ferhege wurdt mei 3% fan 'e omset fan in artyst. Foar guon artysten is dat reden om ôf te sjen fan it lidmaatskip en dêrmei yndirekt ek fan 'e mooglikheid om goudene en platina platen te ûntfangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.