Diamant (muzykferkeap)
Diamant is in term dy't yn 'e muzykyndustry yn it ramt fan 'e sertifikaasje fan muzykferkeap brûkt wurdt om oan te jaan dat fan in produkt in beskaat tal eksimplaren ferkocht binne. Hoewol't it dêrby tsjintwurdich gean kin om bygelyks in album, single, fideoklip of muzykdownload, sprekt men yn dit ferbân meastal noch fan in diamanten plaat, om't sokke sertifikaten ynfierd binne yn it tiidrek fan 'e grammofoanplaat. De diamantene ûnderskieding stiet noch in triem heger as it bekendere goud en platina.
Yn 'e Feriene Steaten wurde sûnt 1999 diamantene platen útrikt foar de ferkeap fan 10 miljoen eksimplaren fan in album of single. Under de oare lannen dy't de diamantene plaat kenne, binne Brazylje, Dútslân, Frankryk, Itaalje, Japan, Kanada, Meksiko, Poalen en Ruslân. Yn Nederlân hantearret de Nederlânske Feriening fan Produsinten en Ymporteurs fan Byld- en Lûdsdragers (NVPI) inkeld goudene en platina sertifikaten. U.m. Belgje, Grut-Brittanje, Ierlân, Austraalje, Nij-Seelân en de Skandinavyske lannen hawwe likemin diamantene platen. Der is lykwols neat dat platemaatskippijen tsjinkeart om yn sokke lannen offisjeus dochs diamantene platen út te rikken.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |