Kirkwall
Kirkwall is it grutste plak (± 8600 ynwoners) en it haadplak fan de Orkneyeilannen yn Noard-Skotlân. Kirkwaal waard it earst neamd yn de Orkneyingasêga út 1046. It wie it wenplak fan Ragnald II, Greve fan Orkney, dy troch syn opfolger Thorfinn dea dien waard. It plak krige syn namme fan it Noarske Kirkjuvagr ('Tsjerkebaai'); yn de rin fan de tiid waard dat Kirkvoe, Kirkwaa en Kirkwall. Skippen leine yn it ferline tsjin de muorre fan de tsjerke oan. Dy 11e iuwske Kirk fan Sint Olaf fan Noarwegen bestiet net.
Kirkwall | ||
Haven | ||
Bestjoer | ||
Lân | Skotlân | |
Riedskrite | Orkneyeilannen | |
lieutenancy | Orkneyeilannen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | (2010) | |
Oerflak | km² | |
Befolkingsticht. | / km² | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Stifting | foar 1046 | |
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC - 1 |
Kirwall leit oan de noardkust fan it haadeilân, Mainland, en hat in feartsjinst nei de grutste oare eilannen fan de arsjipel en nei Aberdeen en Lerwick. Midden yn de stêd stiet de romaanske Sint Magnuskatedraal dy't al fan fierens te sjen is. De katedraal waard oprjochte ta eare fan Sint Magnus, greve fan Orkney tusken 1108 en 1117. Njonken de katedraal lizze de ruïnes fan it paleis fan de biskop en it paleis fan de greve.
It besjen wurdich is it Grain Earth House út de izertiid. Kirkwall hat teffens de meast noardlik lizzende Carnegiebibleteek, dy't yn 1909 troch Andrew Carnegie en de frou iepene waard.
Kirkwall wurdt de whisky Highland Park Single Malt makke.
Kirkwall yn bylden
bewurkje seksje-
De Sint Magnuskatedraal
-
Paleis fan de Biskop
-
It Grain Earthhouse
-
Strjitte yn Kirkwall
-
Haven