De Klaailânsmûne is een achtkante poldermûne westlik fan Marrum.

Klaailânsmûne
mûne / mole
De Klaailânsmûne yn 2007
De Klaailânsmûne yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Marrum
adres Hege Hearewei 20-A
koördinaten 53° 19' N 5° 46' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 12,70 meter
boujier 1865
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15602
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Klaailânsmûne (Fryslân)
Klaailânsmûne

It mûntsje waard boud yn 1865. Eartiids hie de Klaailânsmûne in skroef foar it ynmeallen en ien foar it útmeallen. Beide binne yn 1947 derút helle en ferfongen troch in skroefpompe.

De mûne waard restaurearre yn 1974 en yn 2010 is de mûne fan 't plak helle en nei in restauraasje yn itselde jier werom set.

De Klaailânsmûne is net mealree. Fan de ynrjochting is de keningsspil net mear oanwêzich en de mûne hat allinne noch in boppetsjel. Eigener is de Stifting De Fryske Mole.

De Klaailânsmûne is in lytse muonts mei in flecht fan 12,70 meter. It houten achtkant stiet op mitsele fjildmuorren en is lykas de kape mei reid dutsen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje