It Kleaster Banz is in earder benediktynsk kleaster yn Bad Staffelstein, noardlik fan Bamberg yn 'e Dútske dielsteat Beieren. It kleaster leit boppe de Maindelling en tsjinnet hjoed-de-dei as in foarmingssintrum en konferinsjeoarde fan 'e oan 'e CSU besibbe Hanns-Seidel-Stiftung. De kleastertsjerke wurdt brûkt as de parochytsjerke fan Altenbanz, in gemeentediel fan Bad Staffelstein.

Kleaster Banz
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak 96231 Bad Staffelstein
adres Kloster-Banz-Straße 18
koördinaten 50° 7' N 11° 0' E
Kleastergegevens
oprjochting 1070
opheffing 1803
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje gebouwen: konferinsjeoarde
tsjerke: parochytsjerke
arsjitekt Johann Dientzenhofer
boustyl barok
Kaart
Kleaster Banz (Beieren)
Kleaster Banz
 
Kleaster Banz.

It kleaster waard om 1070 hinne troch grevinne Alberada von Schweinfurt en har man, greve Hermann von Habsberg-Kastl, yn harren kastiel stifte. Oant de sekularisaasje yn 'e 19e iuw wie Banz it âldste kleaster yn 'e krite. Nei de dea fan 'e stifters rekke dat kleaster yn it neigean, mar biskop Otto I fan Bamberg brocht it kleaster ta in nije bloei.

In soad muontsen fan it kleaster wiene besibbe oan 'e aadlike famyljes fan 'e krite en guon famyljes hiene foar harren leden begraffenisrjochten yn it kleaster, dat in soad skinkingen krige. It kleaster hie in soad lân en joech dat yn lien oan 'e adel. Sa krige it kleaster in wichtige ekonomyske funksje yn it gebiet.

Yn 'e jierren 1565 oant 1568 wiene der striideraasjes tusken de hartoch fan Saksen en de biskoppen fan Würzburg en Bamberg om it kleaster. De hartoch besette it kleaster, mar yn 1568 kocht it kleaster him mei 27 plakken (dy meast yn Saksen-Coburg leine) frij. Earder, yn 1566, hie it heechstift Würzburg de soevereiniteit fan Banz erkend, mar tsjerklik foel it kleaster ûnder it bisdom Würzburg. It skeel einige mei in úttocht fan 'e abt Georg von Henneberg en al syn muontsen, om 't hja harren allegear ta it protestantisme bekearden. Op fersyk fan 'e biskop fan Würzburg waard it kleaster sân jier letter op 'e nij mei muontsen befolke ûnder abt Johann Bukhard, dy't oant 1598 abt bleau en it kleaster ek iepen stelde foar net-aadlike muontsen.

 
Gravuere fan it kleaster.

Nei de skea yn 'e Tritichjierrige Kriich joegen de abten Eucharius Weiner en Kilian Düring Leonhard Dientzenhofer en nei dy syn dea yn 1707 syn broer Johann de opdracht om it kleaster wer te bouwen. It wurk sette yn 1698 útein en yn 1719 waard de tsjerke wijd. Wylst de op 'e oare kant fan de Main boude beafeartstsjerke Vierzehnheiligen (1743–1772) in rokoko-monumint fan it heechste nivo is, giet it om de Banzer abdijtsjerke om in goed foarbyld fan 'e Súddútske-Boheemske barok.

Yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw wie de abdij in sintrum fan 'e katolike ferljochting en stie it kleaster fanwegen de gelearde muontsen yn heech oansjen. Lykas in soad oare kleasters hie ek Banz in keizerseal.

Sekularisaasje

bewurkje seksje

Op 28 novimber 1802 waard de sekularisaasje ynfierd. It karfoarstedom Beieren skafte yn 1803 it heechstift Banz ôf. De gebouwen waarden foar in part ôfbrutsen en de abdijtsjerke waard in parochytsjerke. Op 24 oktober 1803 wie de sekularisaasje offisjeel foltôge en it heechstift wie yn it Landgericht Banz feroare. It kleaster waard yn 1814 troch hartoch Willem yn Beieren (1752–1837) oernommen, dy't it kompleks as syn simmerresidinsje brûkte. Dêrmei kamen ek wichtige gasten nei it kleaster, dat no 'Slot Banz' hiet, lykas de tsarina fan Ruslân en de kening fan Beieren. De residinsje waard op 'e nij ynrjochte en de krypte ûnder de kleastertsjerke tsjinne oant 1883 as begraafplak foar de famylje.

Nei de ein fan 'e Earste Wrâldkriich ferpachte de famylje it kompleks foar in skoft oan 'e trappisten, dy't út de Elzaske abdij Oelenberg ferdreaun wiene en yn 1925 nei Engelszell ferhûzen. Hartoch Loadewyk Willem yn Beieren droech yn 1933 de gebouwen foar in symboalysk bedrach oer oan 'e Mienskip fan 'e hillige Ingels (Gemeinschaft von den heiligen Engeln), wylst de famylje it dêrby hearrende lân sels hold.

 
Ynterieur kleastertsjerke.

Sûnt 1941 waarden de kelders fan it kleaster brûkt om keunstskatten yn te bewarjen. Ek tsjinnen dielen fan it slot as reservelazaret foar de Wehrmacht. Sûnt 1944 siet Kurt von Behr yn it slot, ien fan 'e nazylieders dy't him dwaande hold mei de stelderij fan keunst en de M-Aktion, de organisaasje dy't ferantwurdlik wie foar it leechheljen fan joadske wenningen yn 'e Benelúks. Von Behr sloech in soad keunst yn 'e kelders fan 'e súdlike fleugel fan it slot op. Hy en syn frou soene harren dêr op 19 april 1945 tekoart dwaan. Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard in grut part fan it kleaster brûkt om âlde flechtlingen út Bohemen op te fangen. Nonnen fersoargen de minsken en yn 1950 wennen op Banz 324 minsken. It âldereinhûs waard yn 1964 sletten.

De Mienskip fan 'e hillige Ingels skonken yn 1978 de gebouwen oan 'e Hanns-Seidel-Stiftung, dy't it eardere kleaster as konferinsjeoard brûkt, wylst de parochy de tsjerke oernaam.

Kleastertsjerke

bewurkje seksje
 
Fresko's yn 'e tsjerke.

Mei de bou fan 'e oan Sint-Denys en Sint-Piter wijde tsjerke waard yn 1710 útein set. De tsjerke is net hiel grut, mar hat wol in bysûndere romtewurking. De rike oanklaaiïng fan 'e tsjerke giet foar in part werom op it ûntwerp fan Leonhard Dientzenhofer. It besjen wurdich binne:

  • it stúkwurk;
  • de plafondfresko's;
  • it koerstuoltme;
  • it heechalter;
  • de preekstoel.

De tsjerke is de parochytsjerke fan Altenbanz.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Basilika Vierzehnheiligen