Kleaster Einsiedeln
It Kleaster Einsiedeln (Latynsk: Abbatia territorialis Sanctissimae Virginis Mariae Einsiedlensis) is mei de abdij en de Marije-Himelfeart en Mauritiuskatedraal (Maria Himmelfahrt und St. Mauritius) in benediktynske abdij yn 'e gemeente Einsiedeln yn it kanton Schwyz, Switserlân. De abdij is in wichtich stasjon oan it Jabikspaad en de Swarte Madonna fan Einsiedeln yn 'e Genedekapel is it doel fan in soad pylgers en toeristen. It kleaster is gjin diel fan it lokale bisdom, mar hat de status fan in territoriale abdij dy't fuort ûnder it Fatikaan falt.
Kleaster Einsiedeln Kloster Einsiedeln | ||
Wapen | ||
Lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Schwyz | |
plak | Einsiedeln | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 934 | |
patroanhillige | Us Leaffrou fan 'e Hearemiten | |
Ynformaasje bou | ||
arsjitekt | Caspar Moosbrugger | |
boujier | 1674-1735 | |
boustyl | Barok | |
Webside | ||
side abdij | ||
Kaart | ||
Oarsprong
bewurkje seksjeDe oarsprong fan it kleaster leit yn 835, doe't de muonts Meinrad wat súdliker fan 'e hjoeddeiske abdij midden yn 'e bosken in plak útsocht foar de bou fan in klús en in kapel. Nei't rôvers de muonts fermoarden, waard Meinrad op it kleastereilân Reichenau byset. Mear as 170 jier letter, yn it jier 1039, joech de abt fan Reichenau opdracht om de reliken fan 'e yntusken as martler ferearde muonts oer te bringen nei Einsiedeln.
De sel fan Meinrad waard nei fjirtich jier op 'e nij yn gebrûk nommen troch nije Einsiedler, nije bewenners, dy't it lân fan 'e omjouwing bewurken en oanmakken. Yn 934 waarden dy muontsen de befolking fan in Benediktynsk kleaster, dêr't Eberhard de earste abt fan waard. Kening Otto I befêstige op 27 oktober 947 it stift en ferliende it dêrby behearrend lân, it rjocht om sels in abt te kiezen en ymmuniteit.
Kleaster
bewurkje seksjeNei 1100 wiene de heechtijdagen fan 'e abdij foarby. Al in skoftke hie it kleaster lêst fan grinskonflikten mei de boeren. Yn 'e regel krige it kleaster it gelyk oan syn kant, mar yn it begjin fan 'e 14e iuw lôge it konflikt wer op. Yn 1314 waard it kleaster troch boeren ferovere en plondere. It kleaster krige help fan 'e beskermhear fan it kleaster, hartoch Leopold I fan Habsburg, dy't werom sloech, mar de boeren wisten it leger fan Leopold I by Morgarten yn 1315 yn in mûklaach te lokjen. Yn 1350 kaam der pas in ein oan it konflikt; dêrby ferlear it kleaster in grut part fan syn eardere lânbesit.
It kleaster waard ferskate kearen troch brannen (1029, 1226,1465 1509 en 1577) rekke. Huldrych Zwingli wurke fan 1516 oant 1518 as plebaan yn it kleaster. Mei it oanbrekken fan de reformaasje ferliet yn 1525 de lêste muonts it kleaster en op 20 july 1526 moast de abt ôftrede. Nei de reformaasje waarden herfoarmings trochfierd, sadat it kleaster yn 'e tiid fan 'e barok wer in grutte bloei trochmakke.
It oansjen fan it tsjintwurdige barokke kleasterkompleks ûntstie sûnt 1703. Abt Maurus von Roll lei de earste stien fan it neffens it plan fan 'e likebroer en arsjitekt Caspar Moosbrugger útfierde bouwurk.
Mei de komst fan 'e Frânsen yn maaie 1798 flechten alle bewenners fan it kleaster. De besetters ferneatigen de Genedekapel yn 'e tsjerke, mar it genedebyld wie troch de flechtsjende muontsen op 'e tiid meinommen nei Eastenryk. Noch itselde jier waard de abdij steatsbesit, mar troch de saneamde Mediationsakte krigen de geastliken op 19 febrewaris 1803 harren kleaster werom. De Genedekapel waard yn 1815-1817 mei dielen fan 'e âlde kapel yn klassisistyske styl wer opboud.
It kleaster waard in sintrum fan katolyk Switserlân en is hjoed-de-dei in ynternasjonaal beafeartsplak. Yn 'e 19e en 20e iuw waarden fanút Einsiedeln kleasters yn Noard- en Súd-Amearika stifte.
Bibleteek
bewurkje seksjeDe bibleteek fan it kleaster is ryk oan âlde boeken: se telt likernôch 230.000 printe boeken, 1.230 manuskripten en 1.040 ynkunabels en iere printings. Alle jierren waakst de bibleteek mei 500 oant 800 boeken oan.
De bibleteek waard yn 934 stifte. Tsjin de ein fan 'e 10e iuw hie it kleaster in eigen skriuwskoalle. Ut dy tiid binne noch 64 manuskripten bewarre bleaun. Yn 1664 hie it kleaster ek in eigen printerij, dy't oant 1798 sa'n tûzen titels fuortbrocht. De bibleteek waard lang yn 'e kelders fan it kleaster bewarre; sadwaande bleaune de boeken by de talrike brannen sparre. Pas yn 1602 liet abt Augustin I Hofmann in gebou foar de bibleteek bouwe. De moaie Grutte Barokseal ûntstie tusken 1738 en 1740.
Kleasterstâlen
bewurkje seksjeYn de barokke kleasterstâlen út 1765 is de âldste noch besteande hynstefokkerij fan Jeropa ûnderbrocht. De fokte hynders, de Cavalli della Madonna, hearre ta de waarmbloedigen. In earste skriftlike ferwizing nei de hynstefokkerij stiet yn 'e rjochtsferliening fan 24 febrewaris 1064 troch kening Hindrik IV. De takomst fan 'e âldste hynstefokkerij fan Jeropa is wif.
Plein
bewurkje seksjeOm tefoarren te kommen dat doarpsbrannen nei it kleaster oersloegen, waard yn 'e 14e iuw in bouferbod ynsteld yn it gebiet foar it kleaster. It hjoeddeiske kleasterplein waard tusken 1745 en 1747 neffens plannen fan 'e arsjitekt Paolo Federico Bianchi út Milaan oanlein. Oan wjerskanten fan 'e treppen steane de bylden fan Otto de Grutte en Hindrik II. Yn it sintrum fan it plein stiet de Boarne fan Us-Leaffrou (Liebfrauenbrunnen) út 1747 mei in fergulde byld fan Marije. Oan beide kanten fan it plein omklamje healrûne arkades it plein mei dêryn winkeltsjes, dêr't roomske snypsnaren kocht wurde kinne. Oan it machtige kleasterfront mei de 60 meter hege tuorren grinzgje oan wjerskanten kleastergebouwen fan trije ferdjippingen.
Kleastertsjerke
bewurkje seksjeDe tsjerke jildt as de wichtigste barokke tsjerke fan Switserlân, waard tusken 1719 oant de wijing yn 1735 boud en waard krekt as it kleaster ûntwurpen troch Caspar Moosbrugger.
Fuort achter de westlike tagong leit de Genedekapel mei de Swarte Madonna. De fresko's waarden yn 'e jierren 1724-1726 troch de bruorren Asam oanbrocht. Tusken 1749 en 1751 makke Domenico Pozzi út Milaan it haadalter. It stúkwurk yn it koer waard yn 'e jierren 1680-1683 oanbrocht troch Giacomo Neuroni en syn broer.
Swarte Madonna
bewurkje seksjeDe Swarte Madonna fan Einsiedeln is in letgoatysk genedebyld út it midden fan 'e 15e iuw. It ferfong doe in romaansk genedebyld, dat by de brân fan 1465 ferlern gyng. De swarte hûdskleur is feroarsake troch it roet fan kearsen en lampen, dy't foar it byld baarnden. Doe't it byld yn 1803 yn Eastenryk restaurearre en it roet ferwidere waard, krige it byld wer in blanke kleur, mar de befolking wurdearre dat net en sadwaande waard it byld wer swart oerskildere.
It byld stiet yn 'e Genedekapel yn 'e kleastertsjerke, dy't nei de ferneatiging fan 'e âlde kapel yn 'e jierren 1815-1817 boud waard en model stie foar oare kapellen.
Oan it begjin fan 'e 17e iuw krige it byld in Spaansk kleed yn klokfoarm.
Oargels
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke binne fjouwer oargels.
It koeroargel stamt oarspronklik út 1754 en waard boud troch Viktor Ferdinand Bossart. It yn 'e rin fan 'e tiid faak feroare koeroargel waard tusken 1982 en 1985 troch de Switserske oargelboufirma Mathis Orgelbau restaurearre en yn 'e steat fan 1827 werom brocht.
It Marije-oargel mei 34 registers (Marienorgel) waard yn 1988 neffens in 18e-iuwsk ûntwerp nij boud. It Mauritius-oargel (62 registers op fjouwer manualen en pedaal) yn it âldere barokke front datearret fan 1994. De twa lêste ynstruminten waarden troch de Mathis boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Einsiedeln
|