Kleaster Nij-Jeruzalim
It Kleaster Nij-Jeruzalim (Russysk: Новоиерусалимский монастырь; Novoierûsalimski monastyr) is in otterdoks kleaster yn 'e Russyske stêd Istra.
Nij-Jeruzalim Новоиерусалимский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
plak | Istra | |
koördinaten | 55° 55' N 36° 50' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1656 | |
oprjochter | Nikon fan Moskou | |
opheffing | 1919 | |
weriepening | 1994 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 17e-18e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 531420017780006 | |
Webside | ||
www.n-ierusalim.ru | ||
Kaart | ||
Nij-Jeruzalim waard yn 1656 troch patriarch Nikon stifte om by Moskou neffens syn plan in kompleks fan plakken yn it Hillige Lân te rekonstruearjen .
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1656 kocht patriarch Nikon fan 'e stolnik Roman Boborykin lân oan 'e rivier de Istra mei it doel dêr in kleaster te bouwen. Foar it takomstige kleaster moast de bosk oan 'e kant fan 'e Istra omkapt wurde en de heuvel, dêr't it kleaster op boud wurde soe, moast fersterke wurde mei in grêft en in houten wâl mei acht tuorren. De âlde nammen fan it gebiet waarden feroare en krigen Bibelske nammen. Sa krige de heuvel de namme Sion, eastlik lei de Oliveberch en noardlik de heuvel fan Tabor. Oan 'e kant fan 'e Istra, dy't by de gelegenheid ferneamd waard nei de Jordaan, waard it kleaster boud. Njonken in kleaster foar manlju kaam der ek in lyts kleaster foar froulju dat de namme Betanië krige. Guon gebouwen wjerhelje de kontoeren fan gebouwen út de Hillige Stêd, lykas de Ferrizeniskatedraal (1656-1685), dy't boud is neffens it ûntwerp fan 'e Hillich Grêftsjerke yn Jeruzalim.
Yn 1656 waard earst in houten Ferrizenistsjerke boud, dy't op 18 oktober 1657 yn oanwêzigens fan tsaar Aleksej Michajlovitsj konsekrearre waard. De namme fan it kleaster ûntstie doe't de tsaar nei de konsekraasje it gebiet fan 'e Oliveberch ôf oereide en doe't er it nije kleaster seach stelde er fêst dat it like moai wie as Jeruzalim. In jier letter waard begûn mei de bou fan de stiennen Ferrizeniskatedraal.
De ferballing fan Nikon
bewurkje seksjeNikon wie in grut foarstanner fan 'e skieding fan Tsjerke en Steat en mei syn fûle ferset tsjin it belesten fan kleasterbesit en it tsjinstber meitsjen fan 'e Tsjerke oan 'e Steat makke hy in soad fijannen, dy't de tsaar yn 1658 wisten te oertsjûgjen dat de patriarch de posysje fan 'e tsaar bedrige. De waarme relaasje, dy't de patriarch ynearsten mei de tsaar hie, bekuolle en yn 1658 ferliet de patriarch Moskou en hy sette him permanint yn it Ferrizeniskleaster nei wenjen. Feitlik wie der gjin patriarch mear, mar pas op 12 desimber 1666 ferklearre de Hillige Synoade Nikon skuldich oan dôfhûdigens oan 'e tsaar en de Tsjerke. Ek waard him it mishanneljen fan ûnderdanen foar de fuotten smiten.
Nikon ferlear alle tsjerklike funksjes en waard in gewoane muonts, dy't fuortendaliks op in slide nei it noardlike Feranpontovkleaster ferballe waard. Guon bruorren folgen de eks-patriarch nei syn ferballingsoarde. Mei de ferballing fan Nikon waard ek it kleaster degradearre ta in gewoan kleaster, it ferlear de ynkomsten fan oare kleasters en de bou waard stil lein.
De fuortsetting fan de bou
bewurkje seksjeOp oantrunen fan tsjarevna Tatjana Michailovna waard ûnder it regear fan Fjodor III Aleksejevitsj de bou fan Nij-Jeruzalim wer oppakt. Ek krige Nij-Jeruzalim de foaroansteande en befoarrjochte status werom: yn 1678 waarden de kleasters dy't earder tawiisd wiene oan Nij-Jeruzalim werom jûn en ek krige Nij-Jeruzalim in tal nije kleasters tawiisd.
Yn 1681 krige Nikon, dy't doe al siik wie, permisje om werom te gean nei it kleaster. Hy ferstoar lykwols ûnderweis en waard yn de kapel fan de Unthâlzging fan Jehannes de Doper yn 'e noch net foltôge Ferrizeniskatedraal beïerdige. De bou oan de katedraal gyng nei de dea fan Fjodor III ûnder de tsaren Ivan en Peter Aleksejevitsj troch en op 18 jannewaris 1685 koe de katedraal yn oanwêzigens fan 'e tsarefamylje troch patriarch Joachim konsekrearre wurde. De hearskers fan 'e Romanov-dynasty bleaune ek letter nau by it wolwêzen fan it kleaster belutsen. Doe't ûnder Elisabet Petrovna it tintedak fan 'e rotonde yn 1723 ynstoarte, it kleaster yn 1726 troch in brân troffen waard en de folsleine ferneatiging fan 'e katedraal drige, liet hja de gebouwen renovearje en foarsjen mei stúkwurk neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Rastrelli. It lânbesit naam ûnder Elisabet fierder ta en ek ferbettere de finansjele posysje fan it kleaster.
Oant de nasjonalisaasje fan it lânbesit fan kleasters ûnder Katarina II besiet Nij-Jeruzalim mar leafst 13.935 (neffens oare boarnen 16.287) manlike liifeigenen ('sielen') en 22.000 hektare lân. Nei de brannen fan 1762 en 1792 soarge Katarina foar de needsaaklike middels om de kleastergebouwen wer te renovearjen.
19e iuw
bewurkje seksjeIt kleaster ûntjoech har de 19e iuw ta in jimmeroan wichtiger bestimming foar pylgers. Benammen mei it oanlizzen fan it spoar wisten besikers it paad nei it kleaster hieltiten makliker te finen. Op it kleasterterrein waard in museum ynrjochte mei in útstalling fan persoanlike besittings fan patriarch Nikon, skilderijen, ikoanen en tekstyl.
20e iuw
bewurkje seksjeYn 1913 waard it kleaster noch besocht troch likernôch 35.000 pylgers en foar it ûnderbringen fan al dy pylgers waarden der hotels boud.
Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster op lêst fan 'e bolsjewiken op 4 july 1919 sletten en nasjonalisearre. De meast weardefolle saken waarden út it kleaster helle en nei it Wapenmuseum yn it Moskouse kremlyn brocht, dêr't se noch altiten bewarre wurde. De klokken waarden út de katedraal helle en omsmolten en it eardere kleaster krige yn 'e Sovjet-tiid in museale bestimming.
Mei de Dútske ynfal yn Ruslân kaam Nij Jeruzalim yn it front te lizzen fan de nei Moskou optsjende Dútske troepen. Under in twa wiken lange besetting fan Istra troch de Dútsers waard it museum plondere. By it weromlûken fan 'e troepen blaasden SS-ers dielen fan it kleasterkompleks op. Guon gebouwen waarden folslein ferneatige, oare gebouwen lykas de katedraal rekken tige slim skansearre. De katedraal baarnde út en de ikonostaze en alle ikoanen yn 'e katedraal giene ferlern.
Al yn 1942 waard der risselwaasje makke makke foar de rekonstruksje fan 'e katedraal. De earste wurksumheden en it útsykjen fan it pún en de brokstikken setten yn novimber 1950 útein. Yn 1959 koe it museum wer iepene wurde. Tusken de jierren 1960 en 1980 krige it kompleks it oarspronklike oansjen gruttendiels werom, mei útsûndering fan de 17e-iuwske klokketoerklokketoer, wêrfan't de weropbou pas yn 2014 plak fûn.
It kleaster waard yn 1994 wer iepene as kleaster. It museum ferhûze yn 2012 fan it kleasterterrein nei in nij gebou bûten de kleastermuorren. De rekonstruksje fan 'e yn 1941 ferwoastge klokketoer wie yn 2014. Foar de toer waarden nije klokken getten. Tsjin de ein fan 2016 wie de restauraasje fan it hiele kleaster realisearre.
Tsjerken
bewurkje seksjeFerrizeniskatedraal
bewurkje seksje- De Ferrizeniskatedraal folget de bou fan 'e Hillich-Grêftsjerke yn Jeruzalim en waard tusken 1658 en 1685 boud. Westlik fan 'e katedraal slút de grutte rotonde oan, dêr't de Grêfkapel yn ûnderbrocht is. Yn 1723 stoarte de rotonde yn en in brân yn 1726 makke de sitewaasje noch slimmer. Yn 'e jierren 1730 folge in rekonstruksje fan 'e earste twa ferdjippings fan 'e rontonde dy't de grotkapel omklammet. Yn 'e jierren 1750 moast de katedraal foar in part op 'e nij boud wurde, itjinge yn barokke foarmen barde.
De bolsjewiken lieten de katedraal yn 1919 slute. Yn 1941 waard de katedraal mei de klokketoer troch de Dútsers opblaasd, mar al fuort nei't it Reade Leger de Slach om Moskou wûn hie waarden der tariedings makke om it kleasterkompleks wer op te bouwen. De rotonde krige yn 'e jierren 1950 wer in nij tintedak neffens it ûntwerp fan Rastrellli. Alle dielen fan 'e katedraal waarden mei stúkwurk dekorearre. [1]
Tsjerke fan 'e yntocht fan Jeruzalim
bewurkje seksje- De Tsjerke fan 'e yntocht fan Jeruzalim waard yn 'e jierren 1694-1697 boppe de poarte boud yn 'e styl fan 'e Moskouse barok. De tsjerke waard sletten yn 1919 en yn 1941 opblaasd. De werbou fan de tsjerke fûn yn 'e jierren 1960-1970 plak.[2]
Konstantyn- en Helenatsjerke
bewurkje seksje- De Konstantyn- en Helenatsjerke grinzget oant it easten fan 'e Ferrizeniskatedraal en stamt út de jierren 1658-1690. De yn 1919 sletten tsjerke leit foar in diel ûnder it meanfjild en is yn 'e jierren 1990 restaurearre.[3]
De Tsjerke fan 'e trije grutte Hiërargen
bewurkje seksje- De Tsjerke fan 'e trije Hiërargen waard yn 1698 yn opdracht fan prinses Tatjana boud. De yn 'e Moskouse barok boude tsjerke baarnde yn 1726 út en waard yn 1776 op 'e nij ynwijd. Fan 'e tsjerke bleau allinne de ûnderbou bewarre. Yn 1941 waard de tsjerke slim skeind, mar yn 1962 foar in part wer rekonstruearre.[4]
Muorren en tuorren
bewurkje seksjeDe muorren en tuorren datearje út 1690-1694. Ek de tuorren drage fakentiden Bibelske nammen.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Haadkoepel Ferrizeniskatedraal.
-
Tsjerke fan de Berte fan Kristus.
-
Tsjerke fan de Trije grutte Hiërargen.
-
Siontoer.
-
Klús fan Nikon.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Новоиерусалимский монастырь
|