Kleaster fan de Berte fan Us Leaffrou (Zadonsk)
It Kleaster fan 'e Berte fan Us Leaffrou fan Zadonsk (Задонский Рождество-Богородицкий монастырь; Zadonski Pozjdestvo-Bogoroditski monastyr) is in otterdoks kleaster foar manlju, dat yn it begjin fan 'e 17e iuw stifte waard yn Zadonsk, in stêd yn 'e oblast Lipetsk, Ruslân.
Kleaster fan Zadonsk Задонский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Lipetsk | |
plak | Zadonsk | |
koördinaten | 52° 23' N 38° 55' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1630 | |
opheffing | 1929 | |
weriepening | 1990 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | bou katedraal: 1845-1853 oare gebouwen: 19e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 481520316960005 | |
Webside | ||
zadonsk-monastyr.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1610 kamen twa fromme muontsen Gerazim en Syril fan it Stretenski-kleaster út Moskou nei it hjoeddeiske Zadonsk mei in ikoan fan Us-Leaffrou-fan-Vladimir om op dat plak oan 'e kant fan 'e Don in kleaster te stiftsjen. Hja bouden dêr yn 1630 in oan de Jongfaam Marije wijde tsjerke, itjinge it begjin wie fan in kleaster, dat ien fan 'e meast wichtige kleasters fan it lân wurde soe. By it kleaster ûntstie de delsetting Tesjtsjevka, dat yn 1799 omdoopt waard yn Zadonsk.
In brân yn 1692 ferneatige it kleaster folslein. Allinnich de ikoan bleau fan it earste kleaster bewarre en dat krige dêrmei de namme wûnderdiedich te wêzen. Al gau kamen der pylgers nei de ikoan en mei it jild dat de pylgers meibrochten koe it kleaster werboud wurde.
It kleaster krige noch mear namme mei't biskop Tichon dêr oant syn dea yn 1753 wenne. De biskop hie in reputaasje foar syn bysûndere jeften en wie in geweldich preker. It belang fan it kleaster naam fierder ta, doe't der yn 'e jierren 1830-1831 yn 'e omkriten fan Zadonsk in goalera-epidemy hearske, sûnder dat der ek mar ien ynwenner fan it kleaster siik waard.
Yn 1839 foel it beslút om de âlde houten katedraal fan it kleaster te ferfangen troch in nije Vladimirkatedraal (Собор Сретения Иконы Божией Матери Владимирская). Konstantin Thon (dy't ek tekene foar de Kristus de Ferlosserkatedraal yn Moskou) liet yn 'e jierren 1845-1853 de hjoeddeiske Vladimirkatedraal bouwe. De trije ferdjippings tellende tsjerke krige trije tagongen, in sintrale koepel en fjouwer tamboeren dy't krusen droegen fan diels suver goud. It beslach fan it wûnderdiedige Vladimir-ikoan krige in dekoraasje fan goud en sulver mei parels en djoere stiennen. Neffens de tradysje yn 'e otterdoksy bleau Zadonsk yn juny 1861 en augustus 1869 foar in allesferneatigjende brân bewarre, nei't de ikoan nei de brânkearn brocht waard en dêr by in gebedstjinst it fjoer dôve.
Under de ôfbraak fan 'e âlde houten Vladimirtsjerke waard it grêf fan biskop Tichon iepene. It die bliken dat it lichem fan 'e muonts nei 63 jier yn in dampige romte net fergien wie. It lichem waard oerbrocht nei in oar grêf en it foarfal waard oan 'e Hillige Synoade rapportearre. Mei in dekreet fan tsaar Nikolaas I waard it kleaster klassifisearre yn 'e heechste rangoarder fan Russyske kleasters. Op 13 augustus 1861 folge de hillichferklearing fan Tichon, in feest dêr't hûnderttûzenen pylgers op ôf kamen.
Oan 'e begjin fan de 'e 20e iuw hie it kleaster fan Zadonsk him ûntwikkele ta hast in stêd mei seis tsjerken, klokketuorren, in sikehûs, in apoteek, twa fabriken foar de produksje fan bakstiennen, in kjersefabryk en in skoalle.
It kleaster yn de Sovjet-tiid
bewurkje seksjeNei de Oktoberrevolúsje hie it kleaster slim te lijen ûnder de ferfolging fan 'e ateïsten. Yn it ramt fan 'e nasjonale ûnthilliging en plonderling fan 'e reliken fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke waard it kleaster yn maart 1919 twongen de skryn mei de reliken fan Tichon te iepenjen en oer te dragen oan 'e bolsjewistyske autoriteiten, dy't de reliken earst oan in lokaal museum oerdroech en letter nei Jelets resp. Orjol oerbrochten. Yn 1929 waarden de muontsen arrestearre en deportearre, oaren waarden út it kleaster ferballe en it waard kleaster alhiel sluten. De eigners dy't it kleaster dêrnei besetten makken dat de gebouwen letter hast net mear te werom te kennen wiene. De gebouwen diene tsjinst as in ferpleechynrjochting, in weeshûs en letter yn 'e jierren 1960-1970 as konservefabryk.
De renêssânse fan it kleaster
bewurkje seksjeDe renêssânse fan it kleaster sette yn 1988 útein mei de renovaasje fan de Vladimirkatedraal. Yn 1990 krigen de earste bewenners fan it takomstige kleaster in pear romten. Ek de katedraal waard oan de Tsjerke werom jûn. It hiele kompleks is sûnt 2003 wer yn besit fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.[1]
Trivia
bewurkje seksjeDe Bank fan Ruslân joech op 1 septimber 2008 in sulveren munt út mei it ôfbyld fan 'e katedraal fan it kleaster.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Kleasterpoarte.
-
Nikolaas fan Myratsjerke (1828-1829).
-
Himelfearttsjerke (1817).
-
Tichontsjerke (boud yn 1865 op it plak fan Tichon's sel).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|