Klotildis
De hillige Klotildis (Lyon, om 475 - Tours, 3 juny 545) wie de frou fan Frankyske kening Klovis. Sy is de patroanhillige foar de froulju, de lammen en de notarissen. Troch Katoliken wurdt sy oanroppen tsjin koarts, bernesykten, en de hommelske dea en ek foar bekearing fan de oare helte. Har hjeldei is 3 juny.
Libben
bewurkje seksjeKlotildis wie in Boergondyske keningsdochter. Har heit wie Gilperik II, ien fan de trije Boergondyske keningen dy't tsjininoar om de autokrasy stride soenen. Gilperik waard mei syn frou yn 493 slachtoffer fan de kriich om de macht en fermoarde troch syn broer Gundobad. Klotildis koe nei de dea op har âlden mei har suster flechtsje en waard fierder opbrocht troch har omke Gundomar yn Genêve.
Yn 491 boasket sy mei de Frankyske kening Klovis I. Ien fan de houliksbetingsten hâlde yn dat Klovis it Katolike leauwen fan har respektearje moast. Hy sels wie oanhinger fan it Arianyske kristendom. As harren âldste soan komt te ferstjerren foar syn doopsel en de twadde nei syn doopsel slim siik wurdt, tinkt Klovis ynearsten dat dat komt troch de god fan syn frou. As úteinlik blykt dat syn twadde soan better wurdt en hy ek noch de wichtige slach by Tolbiak tsjin de Allemannen wint, lit Klovis him op kryst 498 yn Reims dope ta it Katolike leauwen troch de hillige Remigius.
Nei Klovis syn dea yn 511, reizget Klotildis it lân troch en stiftet rûnom kleasters. Lang om let lûkt sy har tebek yn it kleaster fan Tours.