Klozum

(Trochferwiisd fan Klozem)

Klozum ek: Klozem is in Sinteklaasgebrûk op de Waadeilannen It Amelân, Skylge en Skiermuontseach.

It wurdt fierd op 5 desimber. De dagen dêrfoar meitsje de meidoggers kostúms en attributen. De Klozum (fan Klaas-om) ferklaait him ûnwerkenber. Dy ferklaaide Sinteklazen wurde op Skylge "Sindrams" neamd. Oars as op It Amelân kinne op Skiermûntseach ek froulju meidwaan oan de ferklaaipartijen en fermommings.

De bedoeling fan it ferklaaien is om figueren of sitewaasjes foar te stellen, of om it op boartlike wize nei te spyljen. Faaks bart soks mei guon de gek oan te stekken en op de hakke te nimmen. Soms is soks yn de foarm fan bekende figueren, mar ek as Arabieren, Russen en mearkefigueren. Om in oere as tsien geane de meidoggers de streek lâns en alle huzen yn dêr't de doar fan yn 't tsier stiet, of it gerdyn fan iepen hâlden wurdt. Op dy adressen wurde de Klozums ûnthelle en nei harren akt opfierd te hawwen krije se in hapke en in slokje. Om tolve oere jûns is de ûntmaskering. Dêrnei wurdt noch in skoft neisitten. Skiermûntseach hat twaris Klozum, want op 3 en 4 desimber geane de ferklaaide mini-Klozums de huzen lâns. Al yn de 19e iuw wurdt al oer Klozum skreaun. Klozum is mei de tiid feroare omdat eartiids bern fan ûnder de fyftjin by it folwoeksen Klozum net op 'e dyk wêze mochten om by it folwoeksen Klozum mei te dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: