Koartebaanriden

(Trochferwiisd fan Koartebaanrider)

It Koartebaanriden is in foarm fan baanriden dêr't de baan mar ien kear riden wurdt. (Al hat it Ingelske wurd "shorttrack" deselde betsjutting, it binne dochs twa ferskate foarmen fan reedriden.)

Koartebaanriden

De baan is in dûbele, rjochte baan, by de froulju 140 m, en by de manlju 160 m. Twa dielnimmers ride tsjin elkoar en besykje twa kear as earste oan te kommen. Hjirby rydt men de twadde kear de baan werom. Wedstriden wurde ôfwurke neffens it ôffalsysteem, sa't dejinge dy't twa kear wûn hat trochgiet nei de folgende omgong. It komt yn de koartebaan oan op in krêfteksploazje, mar it hat gjin doel mear krêft te brûken as nedich is om as earste oan te kommen. Ommers, der komme noch mear omgongen, en wa't yn it begjin tefolle krêft brûkt, hat op it ein net genôch tebek.

 
Koartebaanriden op de Sudersee by Hylpen yn 1828

Koartebaanriden wurdt al hiel lang dien, yn elts gefal al sûnt de 18e iuw. Der wie doe al in ferskil mei hjoed, om't yn die tiid de baan 80 m lang wie, en men oan it ein de oare baan wêr werom gong. It begjin fan de skreaune skiednis wie in wedstryd yn 1803, yn Snits, dêr't riden waard om in sulveren tabaksdoaze. De earste wedstriid foar froulje dêr't oer skreaun is, waard riden op 1 en 2 febrewaris 1805 yn Ljouwert, om in gouden earizer. Yn de jierren dernei, waard der faak riden om prizen fan sulver of goud, mar al gau kamen de jildprizen op. Dermei koenen sommige reedriders yn ien winter in kaptaal fertsjinje. Fermaarde nammen út de twadde helte fan de 18e iuw binne Adam Hurdrider en Fokke Ruurds Kuperus. Sûnt 1948 wurdt it koartebaanriden organisearre troch de KNSB; dêrmei is der in ein kaam oan it riden om jildprizen.

Nasjonale kampioenskippen

bewurkje seksje

It earste nasjonaal kampioenskip waard hâlden op 5 jannewaris 1924, yn Ryptsjerk, mar der kaam gjin kampioen fan, om't Jolle de Jong en Marten Slager deselde tiid hienen, en der noch gjin reglemint wie wat oanjaan koe hoe't der in beslissing komme moast. Dat, de earste kampioen fan Nederlân wie Thijs Klompmaker, winner op 22 jannewaris 1926. De grutste kampioen ea wie Piet de Boer, dy't âlve kear Nederlandsk kampioen waard. Oare nammen dy't neamd wurde moatte binne dy fan Lieuwe de Boer en Jan Ykema by de manlju, en fan Atje Keulen-Deelstra en Anneke Zeinstra by de froulju.

In probleem by de organisaasje fan koartebaanriderij is dat der yn Nederlân nei de fernijing fan de baan yn Haarlim no gjin ien keunstiisbaan mear is dy't in lang genôch rjocht stik hat foar koartebaan wedstriden. Om yn jierren sûnder natueriis dochs mear ride te kinnen, is de supersprint (100 en 300 meter) ynfierd en sûnt 2006 ek in spesjaal NK 100 meter.

Yn jierren dat der al natueriis leit is der in gguodlike striid tusken de iisferienings, wa't as earste in wedstriid hâlde kin. Somtiden wurdt dêrby hast letterlik oer iennachtsiis gien.