Kollumeroard
Kollumeroard is in rekreaasjegebiet fan sa'n 200 bunder yn de Kollumerwaard op de eardere Blikplaat (yn de Lauwerssee) yn it súdlike en Fryske part fan it natuergebiet Lauwersmar. It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear.
Geografy
bewurkje seksjeKollumeroard wurdt yn it suden fan in lânbougebiet skieden troch de Kwelderwei (dyk tusken Dokkumer Nije Silen en Nittershoeke). Yn it westen wurdt de grins foarme troch it Dokkumer Djip, yn it noardeasten troch it Blikplaatgat en yn it easten grinzet it oan it moerasgebiet fan de Pompsterplaat. Ut it noardlike part wei streamt it Simmerhûsgat nei it noarden ta út yn it Blikplaatgat.
Op it terrein is sa 'n 70 bunder bosk oanlein: yn it súdwesten de Diepsterbos en it Zomerhuisbos yn it noardeasten. Rûnom lizze reidfjilden en wiete gerslannen, dy 't ûnderhâlden wurde troch grutte gerskers (Skotske Heechlanners). It noardlike part is iepen natuergebiet en is foar in grut part ûntagonklik makke. De bosken en iepen natuergebieten binne sûnt 2003 ûnderdiel fan it Nasjonaal Park Lauwersmar.
Skiednis
bewurkje seksjeIt terrein fan Kollumeroard waard by de sluting fan de Lauwerssee oanwiisd as rekreaasjegebiet. Yn 1972 waard in begjin makke mei de oanlis fan de Kwelderwei om it súdlike part fan it Lauwersmargebiet te ûntsluten, wêrûnder Kollumeroard. Yn 1975 waard it gebiet klearmakke foar rekreaasje troch ûntwettering, de oanlis fan diken en kaden by de mar del. Tusken 1978 en 1981 waarden de bosken oanlein.
Yn 1971 waard it earste part fan jachthaven Lunegat oanlein. Yn 1976 waard de jachthaven foltôge. De haven krige 350 lisplakken op in terrein fan 5 bunder. De gemeente Kollumerlân soe de haven eksploitearje. Yn 1999 waard de haven troch de gemeente lykwols ferkocht oan in ûndernimmer. Tusken 1989 en 1990 waard der ek in lyts haventsje oanlein oan noardwestside fan it gebiet oan it Dokkumerdjip, dat fungearret as oanlisplak foar passanten.
Yn 1972 waarden de earste plannen foar it gebiet bekend: Der moast in camping mei 3000 sliepplakken komme en 150 oant 200 fakânsjehúskes. Yn 'e rin fan 'e tiid waard dúdlik dat sokke oantallen nea helle wurde soene. Yn 1978 waard in bestimmingsplan opsteld foar it gebiet, wêryn't it tal kampearplakken werombrocht wie nei 300, wêrfan't 120 op in toeristysk kampearterrein, 120 plakken foar steankaravans bestimd wiene en 60 plakken komme soene op in ekstinsyf kampearterrein. Dêrby waard lykwols noch rekken hâlden mei likernôch 2500 rekreanten op de camping yn it heechseizoen. Uteinlik waarden allinnich de 60 ekstinsive plakken realisearre yn it begjin fan de jierren 1980. Dy foarmje sûnt dy tiid natuerkampearterrein De Pomp.
Yn it bestimmingsplan fan 1978 wie ek 10 bunder reservearre foar 100 oant 150 fakânsjewenten. Yn 1985 waard lykwols in folle grutter plan lansearre: it saneamde 'Bungotel Kollumeroord' dat foarseach yn 260 fakânsjehuzen om in kompleks hinne mei in swimbad, bowling- en/of kegelbanen, sauna- en fitnesssintrum, restaurant, bar, sealesintrum, 4 tennisbanen, midgetgolfbaan, bernebuorkerij, iepenloftteäter, spylfiver mei wetterfytsen, boateferhier, fytscrossbaan en boartersplakken. In part fan de 20 miljoen gûne dy't it kostje soe om dit te realisearjen waard tasein troch it doetiidske kabinet. Al yn 1986 waard dit plan lykwols alwer ferlitten om't der gjin ynteressearre belizzer wie. Begjin jierren 1990 waard in nij en lytsskaliger plan makke foar 100 oant 175 saneamde 'waadwenten' nei ûntwerp fan Pieter de Bruin fan Bûtenpost. Ek dêr kaam lykwols net folle fan telâne. De provinsje Fryslân begûn him om de iuwwiksel hinne yn ferbân mei de enoarme groei fan it tal fakânsjeparken binnen de provinsje ek tsjin de bou fan nije grutskalige parken mei fakânsjewenten te kearen, wêrby't ek Kollumeroard neamd waard. Uteinlik waard yn 2005 dan dochs úteinset mei de bou fan in lyts tal fakânsjehuzen troch projektûntwikkeler Jan Smeeing; it begjin fan Fillapark Lauwerssee. Smeeing woe 175 huzen bouwe, mar foarearst is it by 15 huzen bleaun en lizze de boukavels dy't oer binne braak.
Begjin jierren 1990 waard troch de kristlike jongereinorganisaasje YMCA Nederlân in plan presintearre foar de bou fan in wettersportsintrum foar kânsearme jongeren mei logysromten. Dit 'YMCA wettersport-en natuersintrum Het Kollumeroord' waard úteinlik nei in soad fertraging boud tusken 1998 en 1999. Dêrnei gie it wettersportsintrum mei troch de ôfsluting fan it gebiet yn de MKZ-krisis lykwols yn 2002 fallyt. It wettersportsintrum waard dêrnei oernaam troch in ûndernimmer, dy't it omdoopte ta Vakantiecentrum Kollumeroord en der restaurant Het Roode Hoofd iepene. Yn 2005 gie dy ûndernimmer lykwols ek fallyt, wêrop't de hjoeddeiske eksploitant Natuurlijk Kollumeroord deryn luts. Dy rjochte yn 2011 Logeerhuis Krollefier op yn it wettersportsintrum foar bern en jongerein mei in ferstanlike beheining.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|