Nasjonaal Park De Lauwersmar

(Trochferwiisd fan Nasjonaal Park Lauwersmar)

It Nasjonaal Park De Lauwersmar (Nederlânsk: Nationaal Park Lauwersmeer) is in nasjonaal park yn it Lauwersmargebiet dat dielen fan Fryslân en Grinslân omfiemet. It beslacht likernôch 60 km² en bestiet sûnt 2003. It Nasjonaal Park De Lauwersmar is tagonklik foar besikers.

Nasjonaal Park De Lauwersmar
Nationaal Park Lauwersmeer
Lânkaart fan it nasjonaal park.
Lânkaart fan it nasjonaal park.
lokaasje
lân Nederlân
provinsjes Fryslân
Grinslân
gemeenten De Marne
Noardeast-Fryslân
koördinaten 53°22′ NB 6°12′ EL
oare ynformaasje
status nasjonaal park
oerflak 60 km²
stifting 2003
behear Steatsboskbehear
webside www.np-lauwersmeer.nl
kaart
Nasjonaal Park De Lauwersmar (Nederlân)
Nasjonaal Park De Lauwersmar
Lokaasje yn Nederlân.

Nei de ôfsluting fan 'e Lauwerssee, yn 1969, binne de heechleine seeboaiems (it Waad) yn it nije Lauwersmargebiet drûch kommen te stean. Yn 'e earste jierren binne grutte dielen dêrfan frijwol oan har lot oerlitten, sadat de natoer der syn gong gean koe. Dêrby gie it benammen om lân beëasten de wei fan Sâltkamp nei Lauwerseach. It Nasjonaal Park De Lauwersmar hat oer it generaal in iepen karakter, útsein de Ballastplaatbosk yn it noarden, dy't súdeast fan Lauwerseach leit, en de Simmerhûsbosk yn it suden, yn 'e neite fan 'e Dokkumer Nije Silen.

Tsjintwurdich binne grutte dielen fan 'e Ballastplaat, de Rêch, de Sennerplaat, de Blikplaat, de Iezumakeech, de Hoeke fan Bant en it nijfoarme eilân de Skoenderbult net mear tagonklik om 'e natoer dêr te beskermjen. De mar sels is foar it meastepart wol befarber, mar ferskate wetters kin men inkeld mei spesjale tastimming opfarre; dêrby giet it om Efter de Swarten, it Hoarnske Gat, de Flinterbalch, it Jaap Deensgat, de Babbeler, it Simonsgat en it Blikplaatgat.

Floara en fauna

bewurkje seksje

It Nasjonaal Park De Lauwersmar is in ferbliuwplak foar sawol stân- as trekfûgels, lykas de sljochtfalk (Falco peregrinus), de reade skries (Limosa lapponica) en de leppelbek (Platalea leucorodia). Winterdeis strike der in protte guozzen del. Op 'e Iezumakeech stiet in fûgelsjochhutte. In bysûnder diel fan it nasjonaal park is it saneamde Lân fan Juffer Ali, súdlik fan Lauwerseach, dat ferneamd is nei in meiwurkster fan Rykswettersteat dy't dêr yn 'e 1980-er jierren ûndersyk die nei floara en fauna. Yn dat gebiet groeie in protte orchideeën.

Dark Sky Park

bewurkje seksje

Yn 2016 hat de International Dark Sky Association it Nasjonaal Park De Lauwersmar útroppen ta it twadde Dark Sky Park fan Nederlân. Parken mei dy kwalifikaasje binne gebieten yn 'e wrâld dêr't it nachtlik tsjuster optimaal ta syn rjocht komt. Minsken binne der nachts ek wolkom om fan it tsjuster te genietsjen. (It earste Dark Sky Park fan Nederlân wie de Boskplaat.)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân

Aldemardumer KlifFilenspolderFlytsterboskFochtelerfeanIt GrynHaulerpolderHegewiersterfjildLeonserpolderLycklamaboskNasjonaal Park De LauwersmarNasjonaal Park SkiermûntseachRengersmiedeRiisterpolderSkrinsSkrokSlotpleatsSuderfinnenspolderWesterhitsumerbosk

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken