Slotpleats (Bakkefean)

De Slotpleats is in pleats út 1818 yn Bakkefean yn in histoarysk lângoed. Sûnt 1997 is Natuurmonuminten eigener fan De Slotpleats: mear as 200 ha bosk mei mânske beammen, leanen, in pear kampkes lân en in bysûnder teehûs. It wurdt ek brûkt as startpunt fan de ekskurzjes fan Natuermonuminten yn de bosken by Bakkefean. Efter de Slotpleats stiet it âlde koetshûs dat nei in renovaasje brûkt wurdt as VVV-kantoar. De Slotpleats sels is yn 2006 restaurearre en de tunen en hôven om it lânhûs binne yn âlde swidens opknapt.

bosken fan de Slotpleats linksboppe Ikeleane
Slotpleats
Slotpleats

Histoarje Bewurkje

De Slotpleats waard yn 1668, tsien jier nei it graven fan de feart, oanlein. Grytman Tjaerd fan Aylva liet it bûten, it Blauhûs neamd, bouwe. Hy die soks mei stiennen fan de stins dy't by Mariënhôf, in úthôf fan it kleaster Mariëngaarde by Hallum, stie. De minsken hiene it oer it Blauhûs fanwege de blauwe glazuere pannen dy't foar it dak brûkt waarden. It Blauhûs waard yn 1838 ôfbrutsen. Yn 1818 ferriisde efter it Blauhûs in lângoedwenning, dy't yn 1920 ferboud is ta de hjoeddeiske foarm fan it teehûs De Slotpleats.

Skâns Bewurkje

Yn it gebiet leit in skâns. Dy is yn âlde steat werombrocht. It sil hjir nei alle gedachten om in oefenskâns gean dy't nea in militêre betsjutting hân hat. Hy is troch de wiskundige Johann Hermann Knoop ûntwurpen.

Keppeling om utens Bewurkje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Woonhuis, Slotplaats fan Wikimedia Commons.
Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân

Aldemardumer KlifFilenspolderFlytsterboskFochtelerfeanIt GrynHaulerpolderHegewiersterfjildLeonserpolderLycklamaboskNasjonaal Park De LauwersmarNasjonaal Park SkiermûntseachRengersmiedeRiisterpolderSkrinsSkrokSlotpleatsSuderfinnenspolderWesterhitsumerbosk