Leppelbek
De leppelbek is in fûgel út de famylje fan de ibissen en leppelbekken.
leppelbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Platalea leucorodia | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedgebieten yn Jeropa. Briedgebieten yn Aazje en Afrika binne net op 'e kaart werjûn. |
Foarkommen
bewurkje seksjeDe leppelbek is in grutte fûgel, hast like grut as de ielreager en de earrebarre. De leppelbek sit hielendal wyt yn de fearren. Allinnich op it boarst hat binne de fearren wat giel. Fierder hat der lange swarte poaten en in lange brede snaffel dy't op it ein in stik breder is, fandêr ek de namme leppelbek. De leppelbek hat ek in opfallende wytgiele toefe dy't yn de nekke falt.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe leppelbek komt foar yn it suden fan Jeraazje, fan Spanje oant en mei Japan. Yn Nederlân sitte ek in tal koloanjes, op de waadeilannen, it Naardermar en de Oostvaardersplassen.
Iten
bewurkje seksjeDe leppelbek yt meast lytse fiskjes, frosken, ynsekten en oare wetterdierkes. By it itensykjen rinne se troch ûndjip wetter wylst se harren snaffel hin en wer troch it de boppeste slyklaach helje.
Fuortplanting
bewurkje seksjeSa as al neamd, briedt de leppelbek yn koloanjes. Se meitsje harren nêst meast yn de reiden op de grûn. Dat jout benammen yn drûge tiden foksen de kâns om de aaien of jongen te pakken. De leppelbek leit 3-5 aaien dy't yn 20-25 dagen útbret wurde.