Kreileroord
Kreileroord is in doarp yn de gemeente Hollâns Kroan yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân.
Kreileroord is mei 553 ynwenners (31 desimber 2007) it lytste doarp fan de Wieringermar. It doarp leit krekt eastlik fan Wieringerwerf. De namme fan it doarp is in dúdlike ferwizing nei it Kreiler Wâld, in wâld dat der ea lein hat.
Oarspronklik is it doarp boud yn 1957 as delsetting foar lânarbeiders. De basisopbou fan it doarp kaam direkt fan de tekentafel ôf. Doe't it doarp ôf wie, rûn it oantal lânarbeiders werom troch mechanisaasje. It doarp is dêrnei ek altyd lyts bleaun. Der waarden destiids twa legere skoallen en in doarpshûs boud. It doarpshûs waard yn de jierren tachtich fan de 20e iuw oanpast en ferboud sadat meardere klups en ferienings har dêr ûntjaan koenen. De learlingen fan de twa legere skoallen, in iepenbiere en in kristlike, gienen wyks nei de sportseal fan it Kreileroorder doarpshûs sadat se dêr de gymnastyklessen krije koenen. Alderlei sportferienings, dêrûnder in follybalferiening en in judoklup, wienen ek aktyf yn de gymnastykseal fan it doarpshûs. Sneins waard de seal ek in tiidlang brûkt foar tsjerketsjinsten. De beide legere skoallen en it doarpshûs binne wilens ôfbrutsen.
Begjin 2006 is De Doorbraak, it multyfunksjoneel sintrum iepene. Dit nije gebou jout ûnderdak oan de skoalle (het Creiler woud), fuotbalklup VV Kreileroord en alle fierdere foarsjennings sa as de jeugdklup en senioaren.
Winkels hat it doarp no net mear, mar mei de komst fan nijbouwenningen op it plak fan it eardere doarpshûs en legere skoallen is der wer perspektyf foar winkels yn it doarp. Der leit ek in plan foar in útwreiding fan it doarp mei 1100 wenningen. Dy wenningen sille oan it wetter fan de Iselmar komme. Dêrfoar sil de Wieringermardyk ferlein wurde moatte sadat der in mar ûntstean sil oan de râne fan it doarp. It plan is al fierhinne útwurke.
Eastlik fan de buorren leit de Iselmar, oan de dyk is in lyts rekreaasjegedielte. Sa'n 900 meter besuden de buorren leit it testwynmolepark fan ECN.