Kristustsjerke (Mainz)
De Kristustsjerke (Dútsk: Christuskirche) is in protestantske tsjerke yn de Dútske stêd Mainz.
Kristustsjerke
Christuskirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | Mainz | |
adres | Kaiserstraße 56 | |
koördinaten | 50° 0' N 8° 15' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Protestantske tsjerke (EKD) | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Eduard Kreyßig | |
boujier | 1896-1903 | |
hichte | 80 m | |
Webside | ||
Side Kristustsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn it fierders katolike Mainz wennen oan it ein fan it karfoarstedom yn 1802 mar in pear hûndert protestanten. Nei dy tiid ûntstie der religieuze frijheid en krigen minderheden njonken it rjocht om harren leauwe te beliden ek de folweardige boargerrjochten. Foar dy tiid waarden de protestanten fan Mainz allinne 'tolerearre', in status dy't hja mei joaden dielden. Yn de tiid dat Mainz by it protestantske Gruthartochdom Hessen hearde, woeks it tal protestantske ynwenners fan de stêd hurd; om 1900 hinne wie al in tredde fan de Mainzer befolking protestantsk.
Nijbou
bewurkje seksjeNei't harren eardere tsjerke te lyts woarn wie, seagen de protestanten yn it ramt fan de noardlikwestlike stedsútwreiding mei de Neustadt yn de lêste helte fan de 19e iuw kâns om mei in nij tsjerkegebou harren selsbewustens te uterjen. De tsjerkeried skreau al yn 1894 in wedstriid út, dêr't de trije ûntwerpen fan Skjøld Neckelmann, Johannes Otzen en Eduard Kreyßig út selektearre waarden. Mar om't it grûnstik dêr't de nije tsjerke op kaam te stean net fier fan de Ryn leit, moasten der earst in ûndersyk en berekkeningen útfierd wurde troch Theodor Landsberg fan de Technyske Hegeskoalle yn Darmstadt.
Fan de trije ûntwerpen bleau dat fan de stedsarsjitekt Eduard Kreyßig oer. Mei de oanlis fan de Kaiserstraße ûnstie in dûbele boulevard, dêr't de nij tsjerke in sintraal plak krige. De bou fan de tsjerke fûn tusken 1896 en 1903 plak en op 2 july 1903 waard de tsjerke yn gebrûk nommen.
As represintatyf tsjinwicht fan de katolike domtsjerke is de 80 meter hege koepel heger as de oare tsjerken en gebouwen fan de binnenstêd. De bou docht tinken oan de styl fan de Italjaanske heechrenêssânse.
Nei de ferneatiging fan it gebou by de loftoanfallen op Mainz op 1 febrewaris 1945 folge fan 1952 oant 1954 in weropbou. Op 31 oktober 1954 koe de tsjerke wer yn gebrûk nommen wurde.
De tsjerke wurdt njonken de fiering fan tsjinsten ek brûkt foar konserten en is û.o. sûnt 1954 de oefenromte fan it troch Diethard Hellmann stifte Mainzer Bachkoar en Bachorkest. Tradisjoneel wurde oan it begjin fan it semester yn de tsjerke ek de earetsjinsten fan de Johannes Gutenberg-Universiteit Mainz holden.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1962 troch Förster & Nicolaus Orgelbau boud en besit 44 registers op trije manualen en pedaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur / Einzelnachweise, op dizze side.
|