Kroesus (ornaris útspr. as: ['krø:sœs], "kreusus"; Aldgryksk: Κροῖσος, Kroisos; Sardis?, 595 f.Kr. – dêre?, 546 f.Kr.) wie yn 'e sechsde iuw f.Kr. kening fan Lydje (yn Lyts-Aazje). Hy wie wiidferneamd om syn sprekwurdlike rykdom, mar nettsjinsteande in proses fan mytefoarming om syn persoan hinne is der feitliks net folle oer him bekend. Yn elts gefal waard er yn of omtrint 547 f.Kr. ferslein en finzen nommen troch de Perzyske kening Syrus de Grutte, dy't him òf op 'e brânsteapel terjochtstelle liet, òf him mei weromnaam nei syn hof om him ta riedshear te tsjinjen. De fal fan Kroesus makke in djippe yndruk op 'e Alde Griken, foar wa't dat barren in fêst punt yn har tiidrekkening waard.

Kroesus
aadlik persoan en/of hearsker
Kroesus sa't de keunstskilder Claude Vignon (1593-1670) him yn 1629 nochal anagronistysk ôfbylde.
Kroesus sa't de keunstskilder Claude Vignon (1593-1670)
him yn 1629 nochal anagronistysk ôfbylde.
nasjonaliteit Lydysk
bertedatum 595 f.Kr.
berteplak Sardis (?)
stjerdatum 546 f.Kr. (?)
stjerplak Sardis (?)
etnisiteit Lydysk
kening fan Lydje
regear 560547 f.Kr.
foargonger Alyattes
opfolger gjint

Oer it libben fan Kroesus besteane trije klassike boarnen: Herodoatus (Histoarjes), Ksenofon (Syropedia) en Ktesias. Alletrije ferslaggen binne lykwols folslein út 'e foegen skuord troch de tafoeging fan mytyske en legindaryske saken en foarfallen, en it is sadwaande dreech te sizzen wat der fan oan is, sels as men de tipelsinnichste eleminten bûten beskôging lit. Yn elts gefal liket it bûten kiif te wêzen dat Kroesus yn 595 f.Kr. berne waard en yn 560 f.Kr. syn heit Alyattes opfolge as kening oer Lydje, dat doedestiden in grut part fan westlik en sintraal Lyts-Aazje omfieme. Krekt as syn heit ûntfong er skatting fan û.m. de Ioanyske Griken (fan 'e westkust fan Lyts-Aazje), mar hy liket harren freonliker behannele te hawwen as dat syn heit die.

Sa ryk as Kroesus

bewurkje seksje

Kroesus stiet derom bekend dat hy de earste goudene muntstikken út de skiednis fan 'e minskheid slaan liet, mar eins wiene dy yn 't earstoan noch frij primityf, en wiene se makke fan elektrum, in natuerlik foarkommende legearing fan goud en sulver. Archeologysk ûndersyk hat útwiisd dat de gearstalling fan dizze earste goudene munten itselde wie as dy fan 'e alluviale elektrumfoarrieden yn it slib fan 'e rivier de Paktolus, dy't troch de Lydyske haadstêd Sardis hinne rûn. Munten dy't letter yn Kroesus syn regearperioade slein waarden, wêrûnder guon dy't no yn it Britsk Museum te Londen te sjen binne, bestiene út poer goud, dêr't it sulver út helle wie troch it te ferhjitsjen mei sâlt.

 
In gouden muntstik fan Kroesus, datearjend fan omtrint 550 f.Kr.

Wierskynlik troch de ferbyntenis fan syn namme mei gouden munten stie Kroesus yn 'e Grykske en Perzyske kultuer letter bekend om syn rykdom. Sels hjoed de dei noch is dy sprekwurdlik. Sa wurdt yn it Ingelsk noch altyd sein "as rich as Croesus" ("sa ryk as Kroesus") of "richer than Croesus" ("riker as Kroesus").

Ferhalen fan Herodoatus

bewurkje seksje

Herodoatus fertelt hoe't Kroesus op in stuit de wiisgear Solon te gast hie, dy't er al syn ûnbidige rykdom sjen liet. Neitiid woed er fan Solon witte wa't de lokkichste man op 'e wrâld wie, mei de dúdlike bybedoeling dat dat nimmen oars as hysels wêze koe. Solon kaam lykwols mei teminsten trije manlju dy't lokkiger as Kroesus wiene. It iene ding dat dy mienskiplik hiene, wie dat se stoarn wiene, want, sa sei Solon, it lok is lumich en men kin dus pas de lokkigens fan in man beoardielje as er dea is. Saakkundigen binne der frijwol wis fan dat dit ferhaal in folslein út 'e tomme sûgde filosofyske oefening is mei it each op wat Kroesus letter noch allegear oerkomme soe.

In oare leginde dy't troch Herodoatus opdist waard, woe hawwe dat Kroesus ûntwyk bea oan 'e Frygyske prins Adrastus, dy't yn frijwillige ballingskip gie nei't er by fersin syn eigen broer deadien hie. Neitiid krige Kroesus in foarsizzende dream wêryn't syn soan en erfgenamt Atys ombrocht waard mei in spear. Om foar te kommen dat soks útkomme soe, hold Kroesus syn soan doe by alle oarlogjen en fjochtsjen wei, mar doe't in wyld swyn de provinsje Mysje begûn te ferrinnewearjen en it folk dêre smeke om soldaten te stjoeren dy't it bist út 'e ljochten helpe koene, beskôge er dat as ûngefaarlikernôch dat it krekt in putsje foar Atys wie. Lykwols stjoerde er Adrastus mei om Atys ta liifwacht te tsjinjen, foar it gefal dat se strûkrôvers tsjin it liif rinne soene. Mar doe't Atys en Adrastus it swyn opspoard hiene en mei it bist yn 'e slach giene, rekke Adrastus by fersin mei syn spear Atys, dy't deadlik troffen waard. Hoewol't Kroesus him syn die ferjoech, sloech Adrastus koarte tiid letter de hân oan himsels. It is ûndúdlik oft der wierheid yn dit ferhaal skûlet, en sa ja, hoefolle.

Oarloch mei de Perzen

bewurkje seksje

Kroesus syn ûnnoflike ferhâlding mei de Griken fertsjustermoannet it feit dat hy feitliks it lêste bolwurk wie dat tusken it âlde Grikelân en it Perzyske Ryk yn stie. De Perzen waarden doedestiden bestjoerd troch Syrus de Grutte, dy't tusken 553 en 546 f.Kr. dwaande wie it Medyske Ryk te feroverjen. Neffens de tradysje fan û.m. Herodoatus foel Kroesus yn dy snuorje Syrus oan, om't er de Medyske kening Astyages wreekje woe, mar yn alle reedlikheid leit it mear foar de hân dat er syn buorlân yn ûnstjoer seach en besleat om fan 'e sitewaasje gebrûk te meitsjen troch Syrus guon grinsprovinsjes, of miskien wol mear as dat, te ûntnaderjen.

De mytefoarming wol dat Kroesus foar't er op it oarlochspaad gie, ferskate orakels rieplachte, wêrûnder it ferneamde Orakel fan Delfy, yn sintraal Grikelân. Op syn fraach oft er de Perzen oanfalle moast en oft er dêrfoar in bûnsgenoatskip slute moast, antwurden de orakels mei karakteristike dûbelsinnigens dat sa'n oanfal in grut ryk ferneatigje soe, en dat er dêrfoar in bûnsgenoatskip slute moast mei de machtichste fan 'e Grykske stêdsteaten. Sadwaande makke Kroesus, dy't al in ferbûn sletten hie mei farao Amasis II fan Egypte en kening Nabonidus fan Babyloanje, ek miene saak mei Sparta, de sterkste Grykske stêdsteat, foar't er úteinsette mei syn oarloch. Hy gie derfan út dat it "grutte ryk" dêr't de orakels fan sprutsen hiene, it Perzyske Ryk wie, mar sa't bliken dwaan soe, sloech dy oantsjutting op syn eigen, Lydyske Ryk.

It is net alhiel dúdlik wannear't dizze oarloch plakfûn; Herodoatus wol hawwe dat it yn 547-546 f.Kr. wie, mar moderne histoarisy liket dat ûnwierskynlik. Yn elts gefal moat it tusken de ferovering fan 'e Medyske haadstêd Ekbatana troch Syrus de Grutte, yn 549 f.Kr., en syn ferovering fan Babyloanje, yn 538 f.Kr., west hawwe. Kroesus syn troepen waarden troch de Perzen, ûnder Syrus en dy syn legeroerste Harpagus, oan 'e rivier de Halys, yn sintraal Lyts-Aazje, opfongen. De fjildslach dy't folge, einige ûnbeslist. Mei't it al aardich nei de winter rûn, en it doedestiden wenst wie om winterdeis net te fjochtsjen, ûntbûn Kroesus nei ferrin fan tiid syn leger. Syrus die dat lykwols net, en de Perzen krongen by 't winter djip yn Lydje troch, dêr't se Kroesus yn syn haadstêd Sardis belegeren. Kroesus hie om help stjoerd nei syn bûnsgenoaten, mar ear't dy fanwegen komme koene, fersloegen Syrus en Harpagus him definityf yn 'e Slach by Tymbra, namen him kriichsfinzen en besetten Sardis.

 
Kroesus op 'e brânsteapel, in ôfbylding op in Grykske amfoara yn it Louvre te Parys.

Wat der nei syn nederlaach mei Kroesus barde, binne de saakkundigen it net oer iens. Der binne ferskate ferslaggen dy't stelle dat Syrus de Grutte befel joech om syn fijân terjocht te stellen troch him op in brânsteapel libben te ferbaarnen. Yn alle oerlevere ferhalen ûntkomt Kroesus lykwols op wûnderbaarlike wize oan 'e dea. Yn 'e poëtyske oade fan 'e dichter Bakchylides blykt er ymmún foar de flammen te wêzen, wêrnei't de god Apollo him fuortslûket nei it uterste noarden.

Neffens Herodoatus liet Syrus Kroesus op 'e brânsteapel pleatse om te sjen oft de goaden tastean soene dat er libben ferbaarnd waard. It fjoer waard oanstutsen, en doe rôp Kroesus trijeris fan "Solon!". Syrus frege syn tolken wat dat betsjutte, en dy fertelden him doe it (boppeneamde) ferhaal oer Kroesus en Solon en de fraach wa't de lokkichste man fan 'e wrâld wie. Dêrút makke Syrus op dat Kroesus no besefte dat Solon doe gelyk hân hie. Dat griep Syrus sa oan, dat er syn tsjinstfeinten hiet om it fjoer te dôvjen. De brânsteapel stie lykwols ûnderwilens yn ljochte lôge, dat dôvjen slagge net mear. Dêrop rôp Syrus Apollo oan, en hoewol't it in sinneskyndei wie, loek it swurk sa gau ticht en ûntjoech him swierwaar mei sa'n felle rein, dat de flammen gau-gau útrekken. Neitiid naam Syrus Kroesus mei nei syn haadstêd Pasargadee ta, dêr't er earst himsels en doe syn soan Kabyses II tsjinne as riedshear.

Noch ôfsjoen fan it godlik yngripen liket dit ferhaal in protte saakkundigen wol nei fleanen. Ferskate histoarisy, lykas Stephanie West, yn 2003,[1] hawwe riddenearre dat Kroesus syn ein wol deeglik op 'e bekreaune brânsteapel mette, en dat de ferhalen oer him as wize riedshear fan Syrus en Kambyses klearebare myten binne. It is ûnbekend wannear't Kroesus stoar, mar syn dea wurdt tradisjoneel yn 546 f.Kr. datearre, op basis fan 'e Babyloanyske Naboniduskronyk, wêryn't stiet dat Syrus yn dat jier "opmarsjearre tsjin it ... Ryk, de kening ombrocht, dy syn besittings foar himsels naam en dêr in eigen garnizoen legere."

Spitigernôch is dit klaaitablet krekt op it plak dêr't de namme fan it ryk neamd wurdt, skansearre, sadat der inkeld noch restanten fan 'e earste letter fan 'e namme oerbleaun binne. Der is lang oannommen dat dat de letter LU wêze moat, en dat it ryk Lydje wie. Ferskate saakkundigen op it mêd fan it spikerskrift binne lykwols ta de konklúzje kommen dat by it lêzen fan in LU de winsk de heit fan 'e gedachte is, en dat der nei alle gedachten in Ú stien hat. Dêrmei ferwiist dizze passaazje foar 't neist net nei Lydje, mar nei Oerartû, in oar lân dat yn deselde snuorje troch de Perzen ferovere waard. Sa't J.A.S. Evans yn 1978 oantoand hat,[2] betsjut dit dat de moderne wittenskip no de fal fan Kroesus en de ferovering fan Lydje troch de Perzen net mear sekuer datearje kinne. Neffens Evans wisten boppedat noch de Griken, noch de Babyloaniërs wat der nei syn nederlaach fan Kroesus wurden is, en sloegen se der mar in slach nei. De iennichsten dy't it al wisten, wiene de Perzen, en dy hawwe der gjin ferslach fan neilitten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. West, Stephanie, Croesus' Second Reprieve and Other Tales of the Persian Court, yn: Classical Quarterly nû. 53 (2003), s. 416-437.
  2. Evans, J.A.S., What Happened to Croesus?, yn: The Classical Journal, nû. 74.1 (oktober 1978), s. 34-40.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.