In Kryststâl is in foarstelling fan de berte fan Jezus mei bylden en/of libbene persoanen. De stâl kin fan alle soarten materiaal gearstald wêze, mar meastentiids is de stâl fan hout en reid of strie en binne de bylden fan gips, hout of keunststof. Tradisjoneel komme kryststâlen allinnich yn roomske tsjerken en fermiddens foar, mar tsjintwurdich sjocht men de stâlen ek yn protestanske hûshâldings. Ek binne der yn de oanrin nei Kryst stâlen yn de iepen loft of yn winkelsintra, somtiden mei libbene persoanen en/of bisten.

De kryststâl fan de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert (2017)

Yn de kryststâl komme Joazef en Marije, in krêbe mei it hillich bern, in ingel, de hoeders mei harren skiep, in okse en in ezel foar. Eartiids waard de stâl nei Sinterklaas opsteld en Jezus pas op de Krystjûn yn de krêbe lein. De trije keningen Kaspar, Balthasar en Melchior bleaune ynearsten mei harren kamielen op ôfstân (dy wiene ommers noch ûnderweis) en krigen pas op it feest fan de Epifany in plakje in de stâl. Foarhinne bleau de stâl meastentiids dan noch in wike stean. Hjoeddedei stekt it wat minder nau en wurdt de stâl fakentiden fuort mei alle bylden opset, mar yn de tsjerken wurdt de folchoarder lykwols krekter hantearre.

De kryststâl fan de Marije-Bertetsjerke, De Ryp (2017)

De hillige Fransiskus fan Assisy naam it inisjatyf om foar it earst de kryststâl op te stellen. Yn 1223 liet er yn it Italjaanske Greccio in stâl mei libbene bisten meitsje om sa it ferhaal foar de minsken dy't net lêze koene oanskôglik te meitsjen. Yn tsjerken waard it krystferhaal om deselde roai hinne jimmeroan faker yn it dekor fan it stâl neispile. Yn de 16e iuw wiene sokke krystútfierings yn tsjerken wilens oeral hiel gewoan woarn, mar nei't de pastoars har' nocht krigen fan alle drokte dy't de útfierings mei harren mei brochten, ferdwûn de stâl nei bûten en ûntstie der in stâl mei bylden en opsette bisten. Yn de 19e iuw ferskynden de earste kryststallen yn hûshâldings fan, earst noch allinne yn rike fermiddens.[1]

Ien fan de meast bekende kryststallen yn Nederlân is dy fan de Sint-Janskatedraal fan Den Bosch. Alle jierren bringe tûzenen minsken in besite oan de stâl. In oare bekende stâl is dy foar de Sint-Piter yn Rome.

Yn 2016 stie de grutste kryststâl fan Jeropa yn it atrium fan it Natoermuseum Fryslân. De stâl besloech 100 m², bestie út likernôch 1700 byldsjes en waard makke troch Fred van der Zwet en Roel den Dulk út Ferwert.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: