Kurt Bilau (Posen 29 maart 1872 - Berlin-Friedenau, 17 jannewaris 1941) wie in Dútsk offisier, konstrukteur en útfiner. Hy waard benammen bekend as pionier yn it gebrûk fan wynenerzjy en as betinker fan avansearre wjukfoarmen foar wynmûnen ("Bilausche Ventikanten"). Fierder wie er as privee-gelearde dwaande mei ferskate ûnderwerpen út de technyk, skiednis, wittenskip en filosofy, benammentlik mei teoryen oer kosmology, de oarsprong fan de wrâld en de wrâld- en beskavingsskiednis.

Wynmûne mei Bilau'sche Ventikanten yn Kleve-Donsbrüggen
Detail fan it wjukmeganyk oan de Scholtenmühle yn Rees

Oplieding en militêre karriêre

bewurkje seksje

Bilau waard berne yn Posen yn it hjoeddeistige Poalen, dat doedestiids by it Keninkryk Prusen hearde.

Nei syn skoal- en beropsoplieding ta yngenieur gie Bilau as beropsmilitêr yn tsjinst by it keizerlike leger, dêr't er by de artillerytroepen tsjinne. Yn de Earste Wrâldoarloch fertsjinne er ferskate ûnderskiedingen, ûnder oaren it Izeren Krús IIe en Ie klasse. Uteinlik waard er befoardere ta majoar, wat him letter de bynamme fan "Flügelmajors" ('wjukkemajoar') besoarge, doe't er oan wynmûnewjukken wurke. Fanwegen in oarlochsferwûning waard Bilau oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch earfol út militêre tsjinst ûntslein.

Utfiner en ûntwerper fan wynmûnetechnology

bewurkje seksje

Nei de ein fan syn militêre karriêre, rjochte Bilau him op nije wurkterreinen. As artillerist hie Bilau faak te meitsjen mei wynmûnen, dy't oan de iene kant tsjinnen as foarútskode observaasjeposten foar it ferkennen fan doelen, en oan de oare kant as fêste mjitpunten foar fjoerlieding en it waarnimmen fan doelen oer grutte ôfstannen. Mei't er geregeld kontakten mei mûnders hie makke Bilau de delgong fan de mûnen mei; yn de jierren 1900 twong de konkurrinsje fan modernere stoom-, motor- en elektryske mûnen in protte tradisjonele wyn- en wettermûnen ta stilstân. Bilau besleat nije techniken te ûntwikkeljen om wynmûnen te ferbetterjen en se sadwaande konkurrearjender te meitsjen oangeande moderne mûnen. Bilau brûkte dêrfoar ek syn witten fan de aërodynamika, dat er opdien hie yn it ramt fan de útwindige ballistyk by de artillery.

Bilau ûntwikkelde om 1920 hinne foar it earst in saneamde Ventimotor (wynmotor, fan it Latynske Ventus = wyn), in lytse wynturbine mei fjouwer blêden foar it opwekjen fan elektrisiteit. Bilau hie ek mûnders op wynmûnen as doelgroep foar eagen, foar wa't de Ventimotoren tsjinje moasten as boarne fan ekstra ynkomsten. Bilau basearre de geometry fan de rotor op fleanmasinepropellers. Se wiene effisjint, mar waarden gjin kommersjeel súkses troch de minne ekonomyske tastân yn Dútslân yn de jierren tweintich, dy't benammen dreech foar mûnders wie. Bilau moast it bedriuw dat er oprjochte hie om syn útfining op de merk te bringen al nei in pear jier (1926) opjaan. Yn 1927 publisearre er syn earste boek oer wynenerzjy, dat yn de jierren dêrnei troch ferskate oaren folge waard.

Bilau joech lykwols gjin belies. Hy ûntwikkele yn 'e mande mei de natuerkundige Albert Betz, haad fan de Aerodynamische Versuchsanstalt Göttingen, ferbettere wynmûnewjukken, wer ynspirearre op fleanmasinefleugels. Bilau ferdielde de wjuk yn twa parten, in aërodynamysk optimalisearre part ("Ventikante") oan de linkerkant fan de roede fan de sturt wei sjoen en in ferstelber part ("Drehheck") oan de rjochterkant. Fanwege it aërodynamysk ferbettere profyl, benammen de Ventikante, soe de wjuk de wynenerzjy folle better benutsje kinne moatte. De wjukoerflakken wiene fan aluminium, dat hoechden net mei kanvas beklaaid te wurden. De draaiende wjuk wie ferstelber troch in hefboommeganisme, sûnder dat it wjukkekrús stilset hoegde te wurden. Dat betsjutte dat de foarm fan de wjuk oan de wynfaasje oanpast wurde koe, wat de enerzjyopbringst fierder ferbettere, en er ek as rim tsjinje koe om de mûne stil te setten. Neidielen fan de Bilauwjukken, fanwegen it metaal en de meganika, wiene it hege gewicht en de hege priis.

Yn 1930 fûn Bilau in mûnder yn Gallen, Saksen, dy't ree wie it nije wjukkeûntwerp op syn paltrokmûne te ynstallearjen en te testen. It súkses wie oerweldigjend: mei de nije wjukken berikte de mûne fuortendaliks twa oant trije kear mear opbringst oan wynenerzjy. Dêrom sleat Bilau yn 1931 in lisinsje- en gearwurkingsoerienkomst mei de Mühlenbauanstalt und Maschinenfabrik Karl Kühl út Vordamm by Landsberg yn de neite fan Stettin yn Pommeren, dy't fan dat stuit ôf oan de iennige fabrikant fan Bilau syn wjukken wêze soe. By gelegenheid fan de jierlikse útstalling foar de hoareka [...] en de itensguodhannel yn 1936 yn Berlyn, waard in komplete standermûne mei Bilauwjukken spesjaal oankocht en fan Kunitz yn Thüringen nei it Berlynske tentoanstellingsterrein by de radiotoer oerbrocht, dêr't er oant 1937 stean bleau. It Dútske Ryk befoardere de ynstallaasje fan de wjukken mei lieningen foar de mûnders en it bestjoer fan de dielsteat Rheinland stipe it modernisearjen fan it grutte tal mûnen yn de regio Niederrhein.

Troch de goede resultaten en de promoasje waarden de wjukken fan Bilau hieltiten populêrder. Tsjin de tiid dat se it meast ferspraat wiene (om 1940 hinne), wiene sa'n 160 wynmûnen yn Dútslân en út en troch ek yn it bûtenlân útrist mei Ventikanten. Mar sels de ferbettere wjukken koene de delgong fan de mûnetechnology net keare, en mei de wynmûnen ferdwûne de Ventikants ek.

Al by Bilau's libben en nei syn dea yn 1941 (op it toppunt fan de fersprieding fan syn tecnology), waarden syn ideeën oernommen en fierder ûntwikkele troch oare mûnemakkers, ûnder oaren troch Nederlânske mûnebouwers Ten Have of Van Riet.

Oar ûndersyk en aktiviteiten

bewurkje seksje

Njonken wynenerzjy wie Bilau nei de ein fan syn militaire tsjinsttiid ek dwaande mei ferskillende ûnderwerpen op it mêd fan filosofy, skiednis en technyk. Hy joech dêr lêzingen oer, publisearre yn tydskriften en skreau boeken. De ynhâld omfieme technyske mêden lykas de konstruksje fan reauwen, mar ek fragen dy't soms rikten oant yn de sfear fan mystyk en metafysika, lykas teoryen oer it ûntstean en de ein fan 'e wrâld, de skiednis fan de ierde en de beskaving, stjerrekunde, kosmology en kosmogenese, de wrâldiisteory fan Hanns Hörbiger, teoryen oer de ynterpretaasje fan de bibelske Iepenbiering fan Jehannes en oer de fal fan Atlantis ta.

Publikaasjes

bewurkje seksje

In kar:

  • Kurt Bilau: Die Windkraft in Theorie und Praxis: Gemeinverständl. Aerodynamik. P. Parey, Berlyn 1927, DNB 572401353.
  • Kurt Bilau: Windmühlenbau eins und jetzt. M. Schäfer, Leipzig 1933, DNB 572401361.
  • Kurt Bilau: Die Windausnutzung für die Krafterzeugung: Theoret. Grundlagen u. prakt. Anwendg in d. Schöpf-, Mahl- u. Silomühle unter besond. Berücks. d. Elektrizitätserzeugg. Parey, Berlyn 1942, DNB 572401345.
  • Uwe Karstens: Kurt Bilau. Annäherung an einen Visionär. Hrsg.: Verein zur Erhaltung der Wind- und Wassermühlen in Schleswig-Holstein und Hamburg e.V. Selbstverlag, Ascheberg 2003.
  • Uwe Karstens: Kurt Bilau. Annäherung an einen Visionär. Hrsg.: Verein zur Erhaltung der Wind- und Wassermühlen in Schleswig-Holstein und Hamburg e.V. Band 2. Selbstverlag, Ascheberg 2010.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: