Dielsteaten fan Dútslân

(Trochferwiisd fan Länder)

Dielsteaten fan Dútslân, Dútslân is in federaasje fan 16 dielsteaten, dy't yn it Dútsk Bundesländer of Länder (Lân) hjitte. Troch de federale struktuer fan Dútslân hawwe de dielsteaten útwreide foegen. Troch dizze politike macht en troch harren omfang (sawat de measte dielsteaten binne wat grutte oanbelanget fergelykber mei Nederlân) binne de Dútske dielsteaten net te fergelykjen mei de Nederlânske provinsjes.

 
Dielsteaten fan Dútslân.

De 16 dielsteaten (Bundesländer, iental: Bundesland) binne:

  1. Baden-Wuertemberch (Baden-Württemberg)
  2. Beieren (Bayern)
  3. Berlyn (Berlin)
  4. Brandenburch (Brandenburg)
  5. Bremen
  6. Hamburch (Hamburg)
  7. Hessen
  8. Meklenburch-Foarpommeren (Mecklenburg-Vorpommern)
  9. Nedersaksen (Niedersachsen)
  10. Noardryn-Westfalen (Nordrhein-Westfalen)
  11. Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz)
  12. Saarlân (Saarland)
  13. Saksen (Sachsen)
  14. Saksen-Anhalt (Sachsen-Anhalt)
  15. Sleeswyk-Holstein (Schleswig-Holstein)
  16. Tueringen (Thüringen)