Laag-Keppel is in stedsje yn de Gelderske gemeente Bronckhorst. It plak leit yn de Achterhoek oan it rivierke de Alde Isel tusken Doetinchem en Doesburg.

Laag-Keppel
Kastiel Keppel
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Bronckorst
Sifers
Ynwennertal 595 (2020) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 59′ NB 6° 13′ EL

Laag-keppel krige yn 1404 stedsrjochten en leit noardlik fan it doarp Hummelo. Noardwestlik lizze de doarpen Hoog-Keppel, Voor-Drempt en Achter-Drempt en súdwestlik it buorskip Eldrik. Mei Laag-Keppel foarmen dy doarpen en it buorskip fan 1825 oan 2005 de eardere gemeente Hummelo en Keppel, dy't mei oare plakken yn de omkriten gearfoege waard ta de gemeente Bronckhorst.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Oan de âlde Doarpsstrjitte steane in grut tal ryksmonuminten. Oan it súdlike ein fan de Doarpsstrjitte stiet de wettermûne. Sûnt 1969 stiet dêr de spinnekopmûne 'De Follegea Mûne', dy't ferneamd waard nei Follegea, dêr't mûne yn 1857 boud waard.

Op in eilân yn de Alde Isel stiet it midsiuwske kastiel Keppel. It ynterieur en it park is 19e-iuwsk. Yn de Alde Isel leit op de hichte fan de eardere Keppelsche IJzergieterij in restaurearre slûs út 1895. It is de iennige slûs yn in rige fan fiif, dy't sûnt 1890 yn de Alde Isel boud waarden.

De Nederlânsk Herfoarme tsjerke is in neogoatyske tsjerke út 1880. De tsjerke is net mear foar de earetsjinst iepen.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: