Lady Bird Johnson

(Trochferwiisd fan Lady Bird Taylor Johnson)

Lady Bird Johnson, echte (berte)namme: Claudia Alta Taylor (Karnack (Teksas), 22 desimber 1912West Lake Hills (Teksas), 11 july 2007), wie de frou fan 'e Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson. Hja wie second lady fan 'e Feriene Steaten (fise-presidintsfrou) fan 1961 oant 1963, en first lady fan 'e Feriene Steaten (presidintsfrou) fan 1963 oant 1969. Dêrnjonken wie hja in gewykst sakefrou en in kundich assistinte fan har man.

Lady Bird Johnson
politikus
echte namme Claudia Alta Taylor Johnson
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 22 desimber 1912
berteplak Karnack (Teksas)
stjerdatum 11 july 2007
stjerplak West Lake Hills (Teksas)
etnisiteit Deensk
Ingelsk
Skotsk
Welsk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1977
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19631969
foargonger Jackie Kennedy
opfolger Pat Nixon
Second Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19611963
foargonger Pat Nixon
opfolger Muriel Buck Humprey

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

Lady Bird Taylor wie hikke en tein op in Eastteksaanske katoenplantaazje deunby de grins mei Louisiana, dy't datearre fan foar de Boargeroarloch. Hja wie de dochter fan Thomas Jefferson Taylor sr., in katoenboer fan mingd Ingelsk-Welsk-Deensk etnysk komôf, en dy syn frou Minnie Lee Pattillo, in geastlik fragile húsfrou mei Ingelske en Skotske foarâlden, dy't de lju yn 'e wide omkriten shockearre troch negers yn 'e hûs te nûgjen. Sawol Taylor har heit as har mem wiene berne yn 'e steat Alabama. Se hie twa âldere bruorren. Doe't se fiif jier wie, foel har mem wylst hja swier wie by de trep del, krige in miskream en stoar oan 'e komplikaasjes dêrfan. Neitiid wertroude Taylor har heit noch twa kear. Doe't se noch in poppe wie, murk Taylor har bernefamke, in Alice Tittle, ris op dat se "purty as a ladybird" wie (Súdlik Amerikaansk-Ingelsk dialekt foar "sa tsjep as in leavehearsbistke"). Dy namme bleau stykjen, en ferfong de rest fan har libben suver folslein har eigentlike foarnammen, sels op offisjele dokuminten. Har heit en bruorren neamden har "Lady", en har man neamde har "Bird".

Oplieding en houlik

bewurkje seksje

Doe't se nei de middelbere skoalle moast, wenne Taylor op keamers yn it gruttere stedsje Jefferson, en kaam se inkeld yn 'e wykeinen noch thús. Fan 1928 oant 1934 folge se in oplieding oan efterinoar de Universiteit fan Alabama, it St. Mary's Episcopal College for Women en de Universiteit fan Teksas. Yn 1933, resp. 1934 studearre se cum laude ôf mei bachelorstitels yn 'e keunsten en sjoernalistyk, wêrmei't se foar in frou fan har tiid opmerklike heech oplaat wie. Wylst se noch studinte wie te Austin, oan 'e Universiteit fan Teksas, mette se de ûnderwizer Lyndon B. Johnson, ta wa't se har nei eigen sizzen oanlutsen fielde "as in mot ta in flam." Se trouden op 17 novimber 1934 te San Antonio, en krigen twa dochters, Lynda Bird Johnson (1944) en Luci Baines Johnson (1947).

Oarehelte en sakefrou

bewurkje seksje

Taylor hie oarspronklik in karriêre yn 'e sjoernalistyk foar eagen hân, mar yn in tiid dat in troude froulju achte waard thús te bliuwen en foar har gesin te soargjen, wie dat nei har houlik fan 'e baan. Likegoed ûntjoech se har as assistinte fan har man ta in kundich manageresse en in slûchslim ynvestearster. Se brûkte har beskieden beërf yn 1937 om Johnson syn kampanje foar de ferkiezings fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen te finansieren, en fungearre letter as syn offisjeuze pleatsferfangster wylst er sels yn 'e Amerikaanske Marine tsjinne. Yn 1943 kocht se in radiostasjon yn Austin oan, en dy ynvestearring wreide se yn 1952, nettsjinsteande har man syn protesten, út mei in tillefyzjestjoerder. KTBC-TV wie it earste tillefyzjestasjon yn Austin, en it monopoalje dat se sadwaande yn 'e hannen krige, makke har en har man ta miljonêrs.

Yn 1960 waard Johnson fise-presidint, en yn 1963, nei de moard op John F. Kennedy, waard er ynsward as presidint. Hy siet Kennedy syn termyn út en wûn yn 1964 de ferkiezings, sadat er oan 1969 ta yn it Wite Hûs bleau. Under it presidintskip fan har man wie Taylor de earste first lady fan 'e Feriene Steaten dy't sûnder tuskenpersoanen gedoente hie mei it Amerikaanske Kongres, en dy't op eigen manneboet foar har man op kampanje gie. Sa reizge se yn 1964 troch acht súdlike steaten om 'e blanke kiezers dêre te oertsjûgjen fan 'e justheid en ûnûntkomberens fan 'e nije boargerrjochtewetjouwing (dy't de swarten gelikense rjochten joech). Taylor sette har fierders har libben lang yn foar it kreazer meitsjen fan 'e Amerikaanske stêden en ynfrastruktuer. (Ien fan har bekendste útspraken wie: "Dêr't blommen bloeie, docht hope dat ek.")

Lettere jierren en dea

bewurkje seksje

Nei Johnson syn ferstjerren oan in hertoanfal, yn 1973, hold Taylor har dwaande mei de neilittenskip fan har man, en fierders mei in projekt ta it opkreazjen fan 'e Teksaanske haadstêd Austin. Teffens siet se yn 'e rie fan bestjoer fan 'e Universiteit fan Teksas en yn it bestjoer fan 'e National Geographic Society, en wie se adviseur fan 'e National Park Service. Fierders rjochte se yn 1982 mei aktrise Helen Hayes it National Wildflower Research Center op, dat de reyntroduksje fan lânseigen Noardamerikaanske floara yn kultuerlân foarstie.

Yn 1977 krige Taylor fan presidint Gerald Ford de Presidinsjele Frijheidsmedalje útrikt, de heechste boargerlike Amerikaanske ûnderskieding. Teffens waard har yn 1988 de Goudene Medalje fan it Amerikaanske Kongres takend. Yn 1993 krige se in oerhaal en rekke se frijwol blyn. Yn 2002 folge in twadde, slimmere oerhaal, dy't har har spraakfermogen ûntnaam en wêrnei't se inkeld noch mei help rinne koe. Yn 2006 ferlear se wat se noch fan har gesichtsfermogen oer hie, en op 11 july 2007 stoar se thús, yn har hûs yn it Teksaanske West Lake Hills, yn 'e âlderdom fan 94 jier in natuerlike dea.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.