Lagardère SCA

(Trochferwiisd fan Lagardère Publishing)

Lagardère SCA is Frânsk bedriuw wêrfan't it haadkertier fêstige yn it sechstjinde arrondisemint fan Parys. Foarhinne besloech it wurkmêd fan dizze multinational in grut ferskaat oan sektors, mar tsjintwurdich is it fierhinne beheind ta multymediaproduksje en -útjefte. Op dat terrein is it ien fan 'e liedende korporaasjes fan 'e wrâld.

Lagardère SCA
algemien
nasjonaliteit Frânsk
type publyk
sektor multymedia
haadkertier Parys (Frankryk)
oprjochte 1992
oprjochter Jean-Luc Lagardère
eigner oandielhâlders
fuortk. út Matra en Hachette SA
dochters sjoch ûnder difyzjes
sifers
omset €7,2 miljard (2014)
winst €185 miljoen (2014)
wearde €7,5 miljard (2014)
aktyf yn 40 lannen
wurknimmers 23.750 (2014)
offisjele webside
www.lagardere.com

Jean-Luc Lagardère wie in Frânsk ûndernimmer, dy't yn 1963 oan it haad kaam te stean fan it bedriuw Matra, in fleantúchprodusint dy't yn 1945 oprjochte wie. Yn 1981 naam Matra de foaroansteande Frânske útjouwerij Hachette SA oer, en waard Lagardère ek dêr de foarman fan. Yn 1992 waarden de beide bedriuwen gearfoege ta Lagardère SCA, dat him fanôf dy tiid benammen talei op 'e publikaasje fan multymedia-útjeften fia de "papierrene" útjouwersbrâns, mar ek fia tillefyzje, radio en it ynternet.

Tsjintwurdich is Lagardère aktyf yn fjirtich ûnderskate lannen, en bestiet it konglomeraat út fjouwer grutte difyzjes:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.