Winnipegmar

(Trochferwiisd fan Lake Winnipeg)

De Winnipegmar (Ingelsk: Lake Winnipeg; Frânsk: Lac Winnipeg), is in grut binnenwetter yn it sintrale diel fan it Noardamerikaanske kontinint, en de grutste fan 'e mear as 110.000 marren yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. It hat in oerflak fan rom 24.500 km² en in djiptegemiddelde is 12 m. It is de op njoggen nei grutste swietwettermar fan 'e wrâld, de op fiif nei grutste swietwettermar yn Kanada en de op twa grutste swietwettermar dy't folslein op Kanadeesk grûngebiet leit. De namme Winnipeg komt fan in Yndiaansk wurd dat "dridzich wetter" betsjut.

Winnipegmar
geografy
type wetter mar
lokaasje midden fan Noard-Amearika
lân Kanada
provinsje Manitoba
koördinaten 52°07′N 97°15′W
sifers
maks. lingte 416 km
maks. breedte 100 km
oerflak 24.514 km²
djiptegemiddelde 12 m
djipste punt 36 m
wetterfolume 294 km³
kaart
Winnipegmar (Manitoba)
Winnipegmar
Lokaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba.

De Winnipegmar hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen rûchwei nei it noarden en suden wize. Op likernôch in trêdepart fan 'e súdlike útein ôf knypt it omlizzende lân it wetter gear ta in smelle trochgong, sadat de mar út in grutter noardlik en in lytser súdlik bekken bestiet. Dy smelle trochgong is net tafalligerwize ek mei-iens it djipste part fan 'e mar, dêr't de boaiem op 36 m ûnder it wetteroerflak leit. Op it langste punt mjit de mar 416 km; it breedste punt fan it noardlik bekken is 100 km, en dat fan it súdlik bekken is 40 km.

De Winnipegmar wetteret ôf fia de rivier de Nelson, dy't útmûnet yn 'e Hudsonbaai. Der lizze withoefolle lytse eilantsjes yn 'e mar, wêrfan't de measten net yn kultuer brocht binne. De kust wurdt ôfwikseljend foarme troch sânige strannen, begroeide wâlen en hege kalkstiennene kliffen, mei grotten dêr't flearmûzen yn tahâlde. De Winnipegmar is tige populêr by toeristen, dy't der oan wettersport dogge, en fierders boatsjefarre, swimme, angelje en jeie.

De Winnipegmar by Gimli.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.