Lambertustsjerke (Lambertschaag)
De Lambertustsjerke of it Griene Tsjerkje (Groene Kerkje) is in tsjerkegebou yn it Noard-Hollânske doarp Lambertschaag (Frysk: Lambertskeech[3]). De tsjerke hat syn oarspronlike funksje ferlern en is hjoeddedei in kultureel sintrum.
Lambertustsjerke (Griene Tsjerkje) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Medemblik | |
plak | Lambertschaag | |
adres | Noardein | |
koördinaten | 52° 44'N 5° 01'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Lambertus fan Maastricht | |
status | kultureel sintrum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | ± 1500 | |
boustyl | Letgoatysk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | tsjerke 30662 [1] toer: 30663[2] | |
Webside | ||
Side Het Groene Kerkje | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard nei alle gedachten earne yn 'e twadde helfte fan 'e 15e iuw boud en wie yn 'e roomske tiid wijd oan Lambertus fan Maastricht. De klok fan de tsjerke is getten yn 1495 en kin in oanwizing wêze fan de boutiid fan de tsjerke. De protestanten namen de tsjerke yn 1572 fan de katoliken oer en brochten feroarings oan it ynterieur oan. De katolike opfolger fan it Griene Tsjerkje stiet tsjintwurdich yn it oanbuorjende De Weere.
De herfoarme tsjerke fan Lambertskeech waard yn de jierren 1970 tige brekfallich. Mei help fan in soad frijwilligers waard de tsjerke yngreven restaurearre. De tsjerke wurdt tsjintwurdich brûkt as kultureel sintrum.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt liturgyske sintrum feroare nei de reformaasje fan it koer nei de súdlike muorre, dêr't de preekstoel fan 1633 kaam te stean, wylst it oargel in plak yn it eastlike koer krige. Yn de tsjerke hingje trije buorden mei de tekst fan Us Heit, de Leauwensartikels en De Wet. Fierder is der in 17e-iuwske kroanluchter.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1866 troch Van Dam boud mei gebrûk fan âlder materiaal. It ynstrumint besit 13 registers.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|