Lammoraal Albertus Aemilius Sluijterman

Lammoraal Albertus Aemilius Sluijterman (Hûs 'Nassau' ûnder Balk, 24 jannewaris 1757 - Warkum, 28 jannewaris 1838) wie in Frysk steatelid.

Libben bewurkje seksje

Lamoraal wie de soan fan Paulus Ignatius Sluijterman, kommandant fan de liifgardes fan de Fryske steedhâlder en Abigael Becker. Hy groeide op yn Ljouwert, dêr't syn âlden wennen. Syn heit kocht in findel foar him, sadat hy offisier waard by it rezjimint Oranje-Fryslân yn Ljouwert. Nei in pear jier hied er syn nocht fan de tsjinst en waard non-aktyf.

Neidat er troud wie mei Katarina Lycklama à Nijeholt sette er him nei wenjen yn Jorwert as heareboer. Troch syn populêr optreden waard hy yn 1784 út de eigenierden ta lid fan de Steaten fan Fryslân keazen. Dêrnei wenne hy yn Warkum as kommys fan de konvoaien en lisinten. Yn 1793 moast hy om syn oranjegesindheid syn amt dellizze en it lân ferlitte. Fan 1795-1806 hâlde hy ta yn Emden, Norden en Osnabrück. Fan 1806-1814 wie hy lid fan de gemeenteried fan Warkum. Kening Willem I beneamde him ta ynspekteur fan de belestingen yn Fryslân, mei Ljouwert as stânplak. Twa jier letter gie er mei pinsjoen.

Syn lêste jierren wenne hy yn Warkum, dêr't hy yn de âldens fan 67 jier noch troude mei Janke fan Hettinga Tromp. Noch op syn 80e jier gie hy op de lange jacht. Yn syn Jorwerter perioade skreau hy in sjoernaal (1780-85), dat fan belang foar de sedenskiednis fan dy tiid. It waard mei in koarte libbensskiednis útjûn yn de Vrije Fries 1911, 171-210.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: