Lange Sleat (Terkaple)

De Lange Sleat (offisjeel Frysk) is in feart yn de gemeente De Fryske Marren, de opfeart fan de Wide Geau nei Terkaple en Eagmaryp.

It wetter rint fan de Wide Geau by de Blaugerzen fan Eagmaryp lâns. De Blaugerzen binne eigendom fan Steatsboskbehear.

De súdein fan de Lange Sleat, dy't op de feart tusken Terkaple en Eagmaryp útkaam, dy is der net mear, mar de doarpen wurde berikke fia de njonkenlizzende wetters. Fia de súdein fan de Heremafeart is der ferbining mei Terkaple en fia in wetter yn it ferlingde fan de Boksleat mei Eagmaryp. At dit lêste noch part fan de Lange Sleat is, is net dúdlik.

De Lange Sleat oer dat hiele ein, fan de Wide Geau oant de stiennen brêge yn Eagmaryp/Terkaple (dêr't earder it molkfabriek stie), is likernôch 2,5 km. lang.

By it kearslúske, dat simmerdeis meastal iepen stiet, leit oan de kant fan de Blaugerzen in oanlisplak dat de Knarrekrite neamd wurdt. In soad âldere boatsjeminsken lizze hjir de boat del en geane dan hjirwei, troch De Dolten, nei De Jouwer ta te boadskipjen.

Parallel oan de Lange Sleat rint oan de súdeastkant de Boksleat. Nei de ruilferkaveling is de Boksleat ôfsluten. Troch Eagmaryp is der ferbining mei de Syltsjesleat en de Sânsleat.

De namme Lange Sleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lange Sloot. Yn de 19e iuw hiet de feart ek wol fan Agge Douwessleat.