Leopold Fitzinger
Leopold Fitzinger (folút: Leopold Joseph Franz Johann Fitzinger; Wenen, 13 april 1802 - dêre, 20 septimber 1884) wie in Eastenryksk soölooch mei in spesjalisaasje yn herpetology. Ek wied er as amtner belutsen by it regionaal bestjoer fan 'e provinsje Nedereastenryk. Fitzinger wie de auteur fan it yn syn tiid gesachhawwende Systema Reptilium.
Leopold Fitzinger | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Leopold Joseph Franz Johann Fitzinger | |
nasjonaliteit | Eastenryksk-Hongaarsk | |
berne | 13 april 1802 | |
berteplak | Wenen (Eastenryk) | |
stoarn | 20 septimber 1884 | |
stjerplak | Wenen (Eastenryk) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch | |
aktyf as | soölooch, herpetolooch, publisist, konservator, dieretúndirekteur | |
jierren aktyf | 1817 – 1884 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeFitzinger waard yn 1802 berne yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen, en studearre letter botany oan 'e Universiteit fan Wenen ûnder heechlearaar Nikolaus Joseph von Jacquin. Yn 1817, doe't er noch mar fyftjin jier wie, kaam er as frijwillich assistint by it Weenske Natoerhistoarysk Museum te wurkjen. Om't in fêste oanstelling útbleau, ferliet Fitzinger it museum yn 1821 om siktaris fan 'e provinsjale folksfertsjintwurdiging fan Nedereastenryk te wurden. Syn nije wurkjouwer stie him lykwols ta om ek dêrnei ûnder kantoaroeren foar it museum yn 't spier te bliuwen.
Yn 1832 publisearre Fitzinger in katalogus fan sûchdieren, reptilen en fisken dy't foarkamen yn it aartshartochdom Eastenryk. Dat wurk skreau er op grûn fan withoefolle reizen troch it hiele lân, wêrby't er foar de ichtyologyske ûnderwerpen help krige fan Johann Jacob Heckel, dy't him letter ûntjaan soe ta ien fan 'e meast foaroansteande ichtyologen fan Eastenryk. Yn 1844 krige Fitzinger einlings en te'n lêsten in fêste oanstelling yn it Natoerhistoarysk Museum, as assistint-konservator mei tafersjoch oer de sûchdiere- en reptilekolleksjes.
Syn wichtichste wurken hied er doe lykwols al publisearre. Dêrby gie it om Neue Classification der Reptilien nach Ihren Natürlichen Verwandtschaften (1826); Entwurf einer Systematischen Anordnung der Schildkröten nach den Grundsätzen der Natürlichen Methode (1835); en Systema Reptilium (1843). Fral dat lêste wurk, dat de gekko's, kameleöns en leguanen besloech, waard doedestiden as in standertwurk beskôge. Neitiid brocht Fitzinger noch Über den Proteus anguinus der Autoren (1850) út en yn 1861 folge in katalogus fan reptilen en amfibyen dy't er sammele hie ûnder de ekspedysje oan board fan 'e Novara (1857-1859), nei Súd-Aazje en de Stille Súdsee.
Yn 1861 ferliet Fitzinger it Natoerhistoarysk Museum foargoed. Letter wurke er as direkteur fan dieretunen yn München en Boedapest. Syn prestaasjes op it mêd fan 'e soölogy en yn it bysûnder oangeande de herpetology waarden rûnom erkend, en der waarden him earedoktoraten taparte troch universiteiten yn Wenen, Napels en Philadelphia. Hy stoar yn 1884 yn 'e Weenske wyk Hietzing, yn 'e âlderdom fan 82 jier.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1826 – Neue Classification der Reptilien nach Ihren Natürlichen Verwandtschaften
- 1835 – Entwurf einer Systematischen Anordnung der Schildkröten nach den Grundsätzen der Natürlichen Methode
- 1843 – Systema Reptilium
- 1850 – Über den Proteus anguinus der Autoren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |