Libbene deade
Libbene deade (Colchium autumnale) komt yn Súd-Limburch noch in soad foar. Yn de rest fan Nederlân giet de plant hurd efterút. De plant is dêrom ek wetlik beskerme. Libbene deade fielt him it bêste thús op frij fochtige boaiems fan liem of klaai. Somtiden komme se ek wol foar op greiden en yn de úterwierden.
libbene deade | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Colchicum autumnale | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De libbene deade hat ûnder de grûn in knol. Twa kear yn it jier komt it plantsje boppe de grûn út. Yn de hjerst stiet de plant yn bloei mei ljochtpearze of rôze blomkes. Yn it maityd hat it plantsje stevige blêden mei frucht hâldende stangels.
It is in mearjierrige plant dy’t harren sels útsiede as de omstannichheden goed binne.
Gebrûk
bewurkje seksjeYn de folksgenêskunde wurdt de plant brûkt tsjin gielsucht. Yn de Midsiuwen waarden de plant sjoen at betsjoeningskrûd. It dragen fan de knol soel beskerming jaan tsjin de pest.
De libbene deade befet op basis fan drûchgewicht 0.3 oant 1.2 persint colchicine, wat in sterk fergif is. Colchicine is in âld ûntstekkingsremjend middel dat goed tsjin jicht wurket. De terapeutyske brjitte hjirfan is mar lyts. Dat betsjut dat er mar in lyts ferskil is tusken in wurksume en in giftige dosearring. Ek waard it spul wol brûkt tsjin kanker.
-
Wylde hjersttijleas, in groep mei blomkes