Lisserbroek
Lisserbroek is in doarp dat yn de gemeente Haarlimmermar leit. Lisserbroek leit yn it súdwesten fan de provinsje Noard-Hollân. Yn 2021 hie it doarp sa’n 3.435 ynwenners. Lisserbroek leit noardwestlik fan Abbenes, eastlik fan Lisse, westlik fan Nieuw-Vennep en besuden Hillegom.
De namme is ôflaat fan het broeck van Lisse, dat de sompe fan Lisse betsjut. Histoarysk kloppet dit omdat Lisserbroek oan de râne fan de Haarlimmermar leit. It hat nea permanint ûnder wetter stien, mar wol sa no en dan. De strjitte Turfspoor rint lâns de râne fan dizze alde sompe. Dy sompe foarme foar de ynpoldering fan de Haarlimmermar it eastlike diel fan de Lisserbroekpolder.
Der binne yn it doarp twa foarmen fan bebouwing te finen. De kearnbebouwing yn it sintrum en de lintbebouwing lâns de dyk fan de Ringfeart.
Nei de ynpoldering fan de Haarlimmermar is it doarpke stifte troch turf turfstekkers, wêrnei't it stadichoan groeide.
It meast wurk is yn de agraryske sektor. Benammen plante- en blomkwekers binne hjir te finen.
Iepenbiere foarsjenningen
bewurkje seksje- Frijwillige brânwacht
- Roamsk-Katolike basisskoalle De Reiger
- Iepenbiere basiskoalle De Zilvermeeuw
- Doarpshûs De Meerkoet
- Jongeren Ontmoetings Plek (JOP) op it doarpsplein
- Basketbalfjild
- Boarterstún
- Skatebaan
- Follybalbaan