De Loeres is in sabearre ein maart 1962 by Zandvoort oanspield foarâldenbyld, in moai, fan stien. It byld wie 2,5m heech (mei de sokkel der by). De NCRV joech omtinken oan de fynst.; mei busfollen kamen de lju om te sjen nei it byld; De Volkskrant skreau der oer. Der waard in Skandinavyske ekspêr foar ynfleaun (Edo van Tetterode yn fermomming).
In pear dagen letter, op 1 april makke Brânpunt dúdlik dat it in Aprilgrap west hie. It wie yn werklikens in byld makke troch Edo van Tetterode sels. Mei de help fan de NCRV wie it strânjen yn sêne set. [1]

Zandvoort, 1 april 1962: in byld fan Peaske-eilân is oanspield

Letter dat jier is de Loeres troch Van Tetterode oan Zandvoort jûn. Yn 1974 waard it byld skânsearre. Dat orizjineel stiet sûnt yn Van Tetterode syn foartún, Brederodestraat 77 yn Zandvoort; hjoed-de-dei it hûs fan syn soan. Dy hyst alle jierren noch, fansels op 1 april, in giele flag mei de Loeres derop. In kopy fan it byld yn brûns, mei de tekst "1 APRIL" op de sokkel stiet aan de Súd Bûlevaar, tichteby it oarspronklik stee fan de "fynst".

By it libben fan Van Tetterode, rikte it Nasjonaal 1-april Genoatskip alle jierren de Prix de Joke út. Dat wie in 31sm hege brûnzen kopy fan de Loeres, mei op de sokkel de tekst "1 APRIL", jûn oan de bêste grap fan it jier derfoar.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Honderden gestrand door beeldige grap. De Volkskrant 2 april 1962