Aprilgrap
In aprilgrap of 1-aprilgrap slút oan by de tradysje om op 1 april grappen te meitsjen, dêr't men by besiket it slachtoffer foar de gek te hâlden. De oarsprong fan de tradysje is net wis. Der binne al ferhalen oer wêr't de aprilgrap weikomt, mar oant no ta blykt de tradysje âlder as alle "útlis". Nederlanners en Flamingen hawwe it oer in 1 aprilgrap (Ien Aprilgrap), Frânsen oer in poisson d'avril (Aprilfisk), yn de Angelsaksyske wrâld April Fools' Day (April narreday), Russen oer Den Doeraka (dei fan healwizens).
Lykwols jildt de tradysje net oeral krekt itselde: Yn Spanje is Día de los Santos Inocentes op 28 desimber (Dei fan de ûnskuldige Bern). Yn fral súd-east Fryslân wurde grappen gauris útfierd troch in Aldjiersploech.
Ferneamde Aprilgrappen
bewurkje seksje- 1 april 2022, begûnen SC It Hearrenfean en SC Cambuur Ljouwert fúzje-besprekkings ta FC Fryslân.
- 1 april 2006, waard it topnivo-domein .fy oankundige.
- ein maart 1962, waard by Zandvoort, in foarfaarsbyld fûn, as wie it fan Peaske-eilân. Nei oanlieding fan dy grap, fan Edo van Tetterode, hat der oant dy syn dea op 22 febrewaris 1996 in Nasjonaal 1-april Genoatskip west.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |