Lus fan Akkrum
De Lus fan Akkrum is in prestaasjeloop fan 11,6 km. yn Akkrum.
De prestaasjeloop wurdt organisearre troch de Luskommisje fan de Stichting Sport- en Aktiviteitenhal Utingeradiel sûnt 1982. De rûte kin ek kuierjend dien wurde. In alternative luds fan 7,5 km kin makke wurde troch in oerset oer de Nesker Sylroede.
De Lus fan Akkrum bestiet eins út twa rûtes, ien fan 11,6 km en ien fan 7,5 km. De start fan beide rûtes is om 19.00 oere by de Utingeradielhal op de Feansterdyk. De rûte giet dêrnei oer de Burstumerdyk oer de Leppedyk werom nei Akkrum, en einiget by de Lange Miente. It grutste part fan de lange rûte giet troch de greiden oer de Leppedyk. By de Bokkumer Mar wurde de dielnimmers oan de koarte rûte mei boatsjes oer de Nesker Sylroede setten, se einigje ek op de Lange Miente.