Lutherske tsjerke (Ljouwert)

De Lutherske Tsjerke is de tsjerke fan de Evangelysk-Lutherske gemeente yn Ljouwert. It is de iennige tsjerke yn Fryslân fan de Lutherske mienskip, nei't yn de jierren 1970 de gemeenten fan Harns en folle earder al Warkum opheft waarden. De tsjerke is in ryksmonumint, de kosterij njonken de tsjerke in gemeentlik monumint.

Lutherske Tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Nije Easterstrjitte 28
koördinaten 53° 12' N 5° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelysk-Lutherske Tsjerke (PKN)
Arsjitektuer
arsjitekt Jan Noteboom
boujier 1774
Webside
Side fan de Lutherske gemeente
Kaart
Lutherske tsjerke (Ljouwert-Binnenstêd)
Lutherske tsjerke
 
Oargel

De sealtsjerke waard yn 1774 mei help fan de gemeente Amsterdam boud en ferfong in âldere tsjerke út 1681. It ûntwerp fan de tsjerke waard levere troch de Ljouwerter stedsarsjitekt Jan Noteboom.[1] Efter de gevel giet in lytse tsjerke skûl mei boppe de tagong in monumintaal oargel, galerijen oan de westlike en eastlike lingtesiden en oan de súdlike kant de kânsel út 1774. Ta oantinken fan de bou waard oan de noardlike foargevel in sierlike gevelstien ynbrocht.

Alder as de tsjerke sels is it rouboerd foar Andreas Möller, dy't ôfkomstich wie út it Dútske Brunswyk en yn tsjinst wie as ritmaster by de Fryske Nassaus. Möller makke de bou fan earste lutherske tsjerke op it plak finansjeel mooglik en leit begroeven yn de tsjerke.[2]

De tsjerke waard yn 2016 restaurearre.[3]

Foar de earste lutherske tsjerke waard yn 1712 in nij oargel fan de ferneamde Arp Schnitger in gebrûk nommen. Nei de bou fan de tsjintwurdige tsjerke boude Albertus fan Gruisen in nij oargel foar de tsjerke. Dit 14 registers tellende instrumint waard yn 1869 ferfongen troch in oargel fan Lambertus van Dam. By de nijbou waarden ûnderdielen fan it eardere oargel op 'e nij brûkt. Inkelde dekorative eleminten (de swan en de ingels op de tuorren) fan it front binne âlder as it instrumint sels. Yn 1969 fûn troch Bakker & Timmenga in restauraasje plak.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: