Lutske Wester
Lutske Wybes Wester (Earnewâld, 24 april 1870 - Eastermar, 19 jannewaris 1912)[1] wie in Fryske, tige súksesfolle, 19e-iuwske koartebaan hurdrydster.
Lutske Wester wie in dochter fan Wybe Harrits Wester en Grietje Andries Meyer.[2] Doe't se 15 jier wie, ried se har earste wedstriid yn Grins. Sy wie tusken 1885 en 1908 aktyf as hurdrydster. Yn de strange winter fan 1890 op 1891 wûn hja yn 11 dagen tsien earste prizen en ien twadde priis. Se ried wedstriden mei ferskate persoanen dêr't har oerwicht by bliken die.
Der wurdt skreaun dat Wester in dreech en in swier libben hie. Se troude twaris. Har earste houlik wie mei Tjipke Wijmenga; se krigen ien soan. Har twadde houlik wie mei Cornelis Laverman yn 1909. Se arbeide hiel hurd op de pleats. Ek doe't har bern noch mar 14 dagen âld wie, wie se al wer oan it riden. Sy stoar jong op 20 jannewaris 1912, 41 jier âld.
Lutske Wester wie in muoike fan hurdrydster Griet Bijlsma (* 1915), ek fan Earnewâld.
Prestaasjes
bewurkje seksjeUnfolslein
- Yndivideel
- 1st priis (f 19,-) - 9 jannewaris 1891 yn Ljouwert
- 1st priis (f 20,-) - 22 jannewaris 1892 yn Boarnburgum
- 1st priis (f 40,-) - jan. 1892 yn Ljouwert
- 1st priis (f 25,-) - jan. 1893 yn Frjentsjer
- 1st priis (f 50,-) - 11 febrewaris 1894 yn Ljouwert
- Mei neef Harrit Popkes Wester
- 3e priis (f 20,-) - 1 febrewaris 1895 yn Ljouwert
- 3e priis (f 10,-) - 3 feb. 1895 yn Ljouwert
- 2e priis (f 70,-) - 16 jan. 1897 yn Drachten
- 1e priis (f 70,-) - 2 des. 1889 yn Grou
- 1e priis (f 60,-) - 11 des. 1890 op De Jouwer
- 1e priis (f 100,-) - 13 des. 1890 yn Ljouwert
- 1e priis (f 150,-) - 15 des. 1890 yn Ljouwert
- 1e priis (f 80,-) - 16 des. 1890 yn Aldtsjerk
- 1e priis (f 40,-) - 24 des. 1890 yn Wolvegea
- 2e priis (f 40,-) - 26 des. 1890 yn Berltsum
- 1e priis (f 100,-) - 29 des. 1890 yn Dokkum
- 1e priis (f 40,-) - 6 jan. 1891 yn Frjentsjer
- Mei neef Rinse Gerrits Wester
- 1e priis (f 100,-) - jannewaris 1893 yn Ljouwert
- Mei Douwe van der Meer
- 3e priis (f 15,-) - 31 jan. 1895 yn Aldtsjerk
- 4e priis (f 10,-) - 4 febr. 1895 yn Ljouwert
- Mei Wybren Fokkema (Hurdegaryp)
- 1e priis - 1897-98 yn Warten
- Mei Auke Spijkstra (Himpens)
- 2e priis (f 30,-) - 9 jannewaris 1901 yn Ljouwert
- Mei Wierd Velstra (Aldtsjerk)
- 1e priis (f 40,-) - 8 jannewaris 1894 in Grou
- 1e priis (f 120,-) - jannewaris 1894 yn Dokkum
- 1e priis (f 60,-) - 4 febrewaris 1895 yn Ljouwert
- 1e priis (f 30,-) - 6 feb. 1895 yn Sleat
- 1e priis (f 20,-) - 8 feb. 1895 yn Balk
- 1e priis (f 100,-) - 15 feb. 1895 yn Grins
- 1e priis (f 60,-) - 14 jan. 1897 yn Aldtsjerk
- 1e priis (f 60,-) - 20 jan 1899 yn Aldtsjerk
- 2e priis (f 50,-) - 16 des. 1899 yn Ljouwert
- 2e priis (f 15,-) - 21 des. 1901 yn Wolvegea
- 2e priis (f 20,-) - 10 jan. 1901 op De Jouwer
- 1e priis (f 60,-) - 12 jan. 1901 yn Aldtsjerk
- 1e priis (f 120,-) - 15 jan. 1901 yn Dokkum
- 1e priis (f 60,-) - 17 jan. 1901 yn Aldtsjerk
- 1e priis (f 100,-) - 18 feb. 1902 yn Ljouwert
- 2e priis (f 20,-) - 8 des. 1902 yn Grou
- 1e priis (f 80,-) - 9 des. 1902 yn Ljouwert
- 2e priis (f ?,-) - 5 jan. 1904 op De Jouwer
- 1e priis (f 80,-) - 24 jan. 1905 op It Hearrenfean
Literatuer
bewurkje seksje- J.H. Rijpkema, Hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren (1936);
- D.M. van der Woude, Vrouwen in de hardrijdersbaan (Assen, 1948).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|