Lytse Tsjerke (Follenhove)
De Lytse of Us-Leaffrouwe tsjerke is ien fan de twa midsiuwske tsjerken yn Follenhove yn 'e provinsje Oerisel. De tsjerke wurdt brûkt troch de 'grifformearde' PKN-gemeente fan Follenhove.
Lytse of Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Stienwikerlân | |
plak | Follenhove | |
adres | Bisschopstraat 32 | |
koördinaten | 52° 40'N 5° 57' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1423 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 10541 (tsjerke) [1] | |
Webside | ||
Side grifformearde PKN-gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oant de reformaasje yn 1580 oan Marije wijde tsjerke waard sûnt 1423 boud op it plak fan in kapel út 1380. De tsjerke is in ienskippich gebou mei in 5/8 sletten koer en in fjouwerkante toer mei in treptoer oan 'e súdkant. Healwei de 15e iuw waard de tsjerke nei it westen ta wat langer makke, sadat de toer, dy't yn deselde tiid boud waard, oan 'e tsjerke kaam te stean. De toer waard oarspronklik ôfsletten mei in lege spits, dy't yn 'e 19e iuw ferfongen waard troch de hjoeddeiske opbou.
By in restauraasje oan it begjin fan de 20e iuw waarden oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke in soad midsiuwske stiennen ferfongen troch nije bakstien. It plein dêr ûnstie mei de ôfbraak fan in stedspleats, in gebouke foar de sneinsskoalle en in pear hûzen yn 'e jierren 1960. In poartsje dat tagong joech nei de strjitte stiet tsjintwurdich yn it Suderseemuseum.
Oant 1976 brûkte de herfoarme gemeente de Lytse Tsjerke. Yn 1978 kocht de gemeente de toer oan en waard it oerwurk restaurearre. De grifformearden fan Follenhove kochten yn 1981 de tsjerke oan en lieten de brekfallige banken ferfange troch iken banken út 'e Klemenstsjerke fan Stienwyk. De reade estrikken ûnder de banken binne nei it gongpaad en om 'e preekstoel hinne ferlein en de tsjerke krige flierferwaarming. Ek binne der doe trije kroanluchters ophongen.
Yn 'e tsjerke stiet in âlde iken preekstoel, oarspronklik ôfkomstich út 'e tsjerke fan it eardere turfdoarp Beulake, dat yn 1776 troch it hieltiten grutter wurdende wetter ferdwûn. De kânselbibel is yn 1702 printe troch Hendrik-Jacob en Pieter Keur út Doardt. De oarspronklike klokken út 1458 binne nei alle gedachten yn 'e Frânske tiid omraand foar kanonnen. De ferfangende klok skuorde yn 1862 en waard doe ferfongen troch in klok fan Petit & Fritsen út Aarle Rixtel, dy't yn 1943 foardere waard. De hjoeddeiske klok waard yn 1958 getten.
Oargel
bewurkje seksjeDe Westfaalske oargelkas fan it oargel is 18e iuwsk en waard oarspronklik foar de katolike skûltsjerke fan Oldenzaal boud. Yn 1911 waard dy kas foar it sûnt 1849 yn de tsjerke oanwêzige hûsoargel set. It hûsoargel waard yn 1918 ferfongen troch it haadwurk fan it Garrels-oargel fan de âld-katolike tsjerke fan De Haach. Doe't de grifformearde tsjerke de Marijetsjerke yn 1981 oankocht, naam it harren eigen oargel út 'e eardere tsjerke mei, dat troch R. Kamp yn 1962 boud wie as twamanualich ynstrumint mei 19e iuws piipwurk. It Garrels-ynstrumint ferhûze wer nei de âld-katolike tsjerke fan De Haach.
Yn 2012 fûn in grutte restauraasje en reorganisaasje fan it ynstrumint plak troch A. Nijsse út Oud-Sabbinge, werby't it oargel in nije traktuer, in nije wynfoarsjenning en in nije spyltafel krige. Ek feroare de disposysje troch tafoeging fan oare registers, wêrûnder de fagot fan it oargel út de grifformearde tsjerke fan Rinsumageast en in tal registers fan C.F.A. Naber út 1854 fan it âlde oargel fan de Moriatsjerke yn Emmeloard. It oargel waard op 19 oktober 2012 wer yn gebrûk nommen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Beskriuwing fan de Marijetsjerke op de side fan Follenhove .
|