Müden is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Müden heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de lofter kant fan de Mûzel.

Müden
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
Sifers
Ynwennertal 649 (2021)
Oerflak 7,49 km²
Befolkingsticht. 87 ynw./km²
Hichte 90 m
Oar
Postkoade 56254
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 11'N 7° 20'E
Offisjele webside
mueden-mosel.de
Kaart
Müden (Rynlân-Palts)
Müden

Under Müden falt ek de buorskip Müdenerberg mei in kapel en de sportfoarsjennings fan Müden.

In Romeinske delsetting (Modinum) fan Keltyske oarsprong docht bliken út gâns fynsten. It doarp waard foar it earst neamd yn dokuminten om it jier 585 hinne. De besetting fan de linker Rynouwer yn 1794 troch Frânske revolúsjonêre troepen makke in ein oan de iuwenlange hearskippij fan Kurtrier. Under Frânsk bestjoer hearde Müden fan 1798 oant 1814 oant it kanton Münstermaifeld. Yn 1815 waard de stêd op it Kongres fan Wenen tawiisd oan it Keninkryk Prusen. Nei de Amerikaanske ynvaazje fan Müden oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch hearde it ta de Frânske besettingssône. Sûnt 1946 makket it doarp diel út fan de doe nij foarme dielsteat Rynlân-Palts.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.