MINK wie in Fryske band dy't yn 2009 bestie út gitarist Eelco Engelsma en sjongster Minke Adema.

Minke Adema begûn har karriêre yn de tachtiger jierren by rockfeesten en song die mei ferskate bands. Nei it sjongen op ûnder oare bikerfeesten begûn se yn de njoggentiger jierren mei har freon Eelco Engelsma oan it komponearjen fan stevige rocksongs. Stadichoan ûntstie de fêste band Mink mei muzikanten Klaas Bos, Mark Maas, Erik Hof, Mark Hofman en Jeroen Seinstra. De single Nim My Mei ferskynde. Yn 2005 waard de lifeband Mink ûntdekt troch Willem van Kooten en de single Searching ferskynde, opnomd yn de studios fan Syb van der Ploeg en Nico Outhuijse. Eelco heakke ôf, mar de band wûn mei it album Burning Photographs yn 2005 de Arrow Classic Rock Award. Minke waard dat jier ek bekend op de waadeilannen mei de Horizontoer.

Van Kooten woe in twadde album mei Maaike as solo-artyste, mar hja fûn mear foldwaning yn it wurkjen mei de band en wegere. Oare bandleden ferskynden: Jan Koster (Sleeze Beez, Highway Chile, Jetland en û.o. producer Dylana Smith en Suburbs). Mei songs fan gitarist Kevin Hissink (Intwine) en muzikanten Michel Verschie, Leendert Haaksma, Hans Eijkenaar en Okky Huysdens waard it twadde album útbrocht. Mark en Erik koenen har net fine yn de songs fan Koster en stapten op, in heal jier letter folgen Jeroen en Mark (toetsen). Mei bassist Klaas Bos, Guido v/d Camp (toetsenist) Maikel Simmerling (drummer) Wietze Koning (lead gitaar) en Peter Krako (slachgitaar) makke Maaike in trochstart.

De band spile dêrnei as support fan de Golden Earring, Van Dik Hout en Di-rect. Yn 2008 folgje in konsert mei Bert Heerink (Vandenberg, Kayak) en in optreden mei it orkest De Glasblazers. Op youtube ferskynden mear en mear clips en wie Mink 7x te sjen as 'Fryske jakhals' yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân ein 2008.

Sjongster Minke keas yn 2009 mei Eelco Engelsma foar in weromgean nei it begjin en trede yn 2009 op as it duo Minke & Eelco yn de Fryske Music Night.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

  • Burning Photographs (Red Bullet) - 2005
  • Mink 1: AM (Red Bullet) - 2006

Singles bewurkje seksje

  • Searching (Red Bullet) - 2005
  • Mink 1: AM (Red Bullet) - 2006
  • Summer In NY (promo Red Bullet) - 2007 en 2008
  • De Ranjaman (eigen behear) - 2008

Keppeling om utens bewurkje seksje