Mêtresse

(Trochferwiisd fan Maîtresse)

In mêtresse, bysliep of konkubine is in frou dy't in fêste relaasje as minneresse ûnderhâldt mei in yn 'e regel troude man. It wurd 'mêtresse' komt fan it Frânske maîtresse, dat letterlik "masteresse" betsjut en oarspronklik in neutrale fatsoenlikensoantsjutting foar in dame wie. Yn 'e kontekst fan it Nederlânske koloniale ferline yn Suriname wurdt in mêtresse ek wol in 'bûtenfrou' neamd.

Madame de Pompadour, de mêtresse fan kening Loadewyk XV fan Frankryk (omtrint 1750).

Der besteane ferskate soarten mêtressen. De tradisjonele foarm is in minneresse dy't der troch in troude man op nei holden wurdt njonken syn wetlike oarehelte. Ornaris wurdt it hawwen fan sa'n soarte fan mêtresse geheim holden, mar yn it ferline hiene keningen en oare hege eallju soms in offisjele mêtresse (Frânsk: maîtresse en titre), dy't ek as sadanich bekendstie. De meast ferneamde offisjele mêtresse wie Madame de Pompadour, de achttjinde-iuwske bysliep fan 'e Frânske kening Loadewyk XV, dy't doedestiden ek oansjenlike politike macht útoefene oan it Frânske Hof.

In oare foarm fan in mêtresse dy't yn it ferline faak foarkaam, wie in minneresse dy't der op nei holden waard troch in man fan oansjen of in hear fan stân, mar dy't fan in sadanich leger maatskiplik komôf as him wie of in sadanich oare godstsjinst as him oanhong, dat fan in houlik gjin sprake wêze koe. De relaasje koe dêrby sawol geheim of iepenbier wêze. Ek koe it wêze dat de relaasje geheim bliuwe moast om't de man ta de (yn namme selibatêre) geastlikheid hearde, of om't in relaasje of houlik om in oare reden ynkompatibel wie mei it publike imago dat de man útstriele woe.

Njonken Madame de Pompadour binne guon ferneamde mêtresses út 'e skiednis Diane fan Poitiers (fan kening Hindrik II fan Frankryk), Margareta fan Mechelen (fan steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau), Nell Gwyn (fan kening Karel II fan Ingelân), Louise de Kérouaille, hartoginne fan Portsmouth (ek fan kening Karel II fan Ingelân) en Eva Braun (fan Adolf Hitler).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.