Maarteblomke
It maarteblomke (Leucojum vernum) is in blom út 'e narsissefamylje. Op guon plakken wurdt mei de namme 'maarteblomke' it liderke (snieklokje) bedoeld, mar formeel stiet dizze namme foar in oar foarjiersblomke, dat yn it Nederlânsk it lenteklokje neamd wurdt.
maarteblomke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Leucojum vernum | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
It maarteblomke is al in âlde sierplant. Sûnt 1420 moat it al yn tunen bekend wêze.