Madelinus
Madelinus wie yn de midden fan 'e 7e iuw in muntmaster dy't aktyf yn it hjoeddeistige Nederlân wie.
Fan Madelinus is bekend dat er yn de Merovingyske tiid te Maastricht munten sloech. Yn Doarestêd (Wyk by Duerstede) wurke hy yn de twadde helte fan de 7e iuw. Fan him binne gouden muntstikken (tremisses) ôfkomstich út Dorestêd dy't û.m. foarsjen binne fan it opskrift DORESTATI FIT (slein yn Dorestêd) mei op de oare siden syn namme. In oare muntmaster út dizze tiid wie Rimoaldus.
De munten fan Madelinus waarden ferfolgens in protte neimakke yn Frankyske en Fryske gebieten. Goed 80% fan de sirka 500 weromfûne munten wurde foar imitaasjes hâlden.[1] De Madelinus-munten en eardere imitaasjes hiene in goudgehalte fan likernôch 50%, by imitaasjes inkele desennia letter rint dat tebek nei 5 à 10 %.
Boarne
bewurkje seksje- (in) A. Pol, A new sceat of the Dorestad/Madelinus-type, in: Studies in Early Medieval Coinage 1 (2008), 119-122
Noaten
bewurkje seksje- ↑ T.M. Buijtendorp (2010), Forum Hadriani. De vergeten stad van Hadrianus, side 61 (proefskrift)