Mandewyk (Jobbegea)
De Mandewyk is in wyk yn de gemeenten Opsterlân en It Hearrenfean. De wyk rint fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart tusken Himrikerferlaat en Weinterpferlaat yn súdeastlike rjochting fan nei de Skoatterlânske Kompanjonsfeart east fan Jobbegea.
In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.
De namme Mandewyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Mandewijk.