Dame Margaret Drabble, Lady Holroyd (Sheffield, Yorkshire, 5 juny 1939) is in Ingelsk skriuwster. Se is Dame Commander yn de Oarder fan it Britske Ryk.

Margaret Drabble
skriuwer
Margaret Drabble (2011)
Margaret Drabble (2011)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 5 juny 1939
berteplak Sheffield
wurk
taal Ingelsk
sjenre roman, koart ferhaal, toaniel
prizen John Llewellyn Rhys-priis, James Tait Black Memorial Prize

Mei har tredde roman, The Millstone (1965) wûn hja yn 1966 de John Llewellyn Rhys Memorial Prize; foar har neifolgjend wurk, Jerusalem the Golden ûntfong hja yn 1967 de James Tait Black Memorial Prize.

In tema wat altyd weromkomt yn har wurk is de korrelaasje tusken de hjoeddeiske Ingelske mienskip en de yndividuen dy't dêryn libje. Hoewol't har wurk yn de grûn net autobiografysk is, binne guon karakters en wat dy meimeitsje wol ynspirearre op it libben fan Drabble. Neist romans hat Drabble ek koarte ferhalen, toanielstikken en non-fiksje skreaun.

De skriuwster A.S. Byatt is har âldere suster, mar sy hawwe hast gjin kontakt mei elkoar en lêze inoars boeken net.[1] Fan 1960 oant 1975 wie Drabble troud mei de akteur Clive Swift, bekend fan syn rol 'Richard' yn de telefyzjerige Keeping Up Appearances. Yn 1982 boaske se de histoarikus Sir Michael Holroyd.

Oant 2016 hat Drabble 19 romans publisearre.

  • A Summer Birdcage (1963)
  • The Garrick Year (1964)
  • The Millstone (1965)
  • Jerusalem the Golden (1967)
  • The Waterfall (1969)
  • The Needle's Eye (1972)
  • The Realms of Gold (1975)
  • The Ice Age (1977)
  • The Middle Ground (1980)
  • The Radiant Way (1987)
  • A Natural Curiosity (1989)
  • The Gates of Ivory (1991)
  • The Witch of Exmoor (1996)
  • The Peppered Moth (2001)
  • The Seven Sisters (2002)
  • The Red Queen (2004)
  • The Sea Lady (2006)
  • The Pure Gold Baby (2013)
  • The Dark Flood Rises (2016)
  • Wordsworth (Literature in Perspective-rige) (1966)
  • Arnold Bennett: A Biography (1974)
  • The Genius of Thomas Hardy (red.) (1976)
  • For Queen and Country: Britain in the Victorian Age (1978)
  • A Writer's Britain: Landscape in Literature (1979)
  • Angus Wilson: A Biography (1995)
  • The Oxford Companion to English Literature (red. 5e en 6e edysje) (1985, 2000)
  • The Pattern in the Carpet: A Personal History with Jigsaws (2009)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Why Margaret Drabble is not A.S. Byatts cup of tea. The Telegraph, 29 maart 2009.